51. Utstel ta it beskikber stellen fan in kredyt foar de ynrjochting fan de iepenbiere basisskoalle fan Raerd. Oan de ried. Grou, 14 augustus 1985. Yn jimme gearkomste fan 5 oktober 1984, is foar de ferbou en útwrei- ding fan de iepenbiere legere skoalle fan Raerd ta iepenbiere basis skoalle in kredyt beskikber steld. Troch ús kolleezje is doetiids tasein dat wy mei de tiid nochris mei in útstel komme soenen foar in ynrjochtingskredyt fan it skoalgebou. Troch it haad fan de skoalle is derta, op verskate punten yn gearwurking mei de tsjinst gemeente- wurken, in begrutting makke fan saken dy11 noch nedich binne foar de ynrjochting fan it gebou. It giet derby om de folgjende saken. - Ynrjochting haden/personielskeamer 4.697,70 b.t.w. 19% 892,56 5.590,26 - Ynrjochting keuken/ynventaris 304,56 b.t.w. 19% 57,87 362,43 - Ynrjochting mienskipsromte 6.622,70 b.t.w. 19% 1.258,31 7.881,01 - Fitraazje 1500 - Kombinearde wettertafel/beukeroan- rjocht (ynkl. pleatsing) 3.200,— - Garderôberekken 2200 - Magazynstellingen/learmiddelsberging 1500 - Ynrjochting húskes 350,— - Ynstalaasje-kosten 1340 - Ferhelpen/bou skea flierbedekking beukerlokaal 500,— Totaal Wy stellen jimme út in kredyt fan 24.424,ynkl. b.t.w. beskikber te stellen foar it oantúgjen fan dit materiaal. Foar de ynrjochting fan it mienskipslokaal stiet in maksimale ryksfer- goeding fan 24.284, sadat op in pear hûnderd gûne nei dizze útjefte dutsen wurdt troch de ryksfergoeding. Dêrneist binne der noch in tal saken nêdich, dy't ek oantúgd wurde moatten hiene, wannear't der gjin útwreiding fan it skoallegebou west hie. It giet derby om gerdinen fan yn totaal 3.000,en skoalbuorden yn wearde fan 4.150,de b.t.w. hjiryn beflapt. Wy binne dan ek fan betinken, dat dizze saken los sjoen wurde moatte fan de hjir foar neamde saken. Mei nammen de skoalbuorden, dy't yn 1966 foar't lést oantúgd binne, binne nedich oan ferfanging ta. GEMEENTE BOARNSTERHIM li ro II li li i\j ii ii i li i

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1985 | | pagina 118