De buorden binnen aardich skansearre en soene yngeand opknapt wurde moatte. Dit leannet neffens ús net de kosten, sadat wy jimme útstelle teffens in kredyt beskikbar te stellen fan 7.150,ynklusyf b.t.w., foar it op ny oantúgjen fan skoalbuorden en gerdinen. De rinte en ôfskriuwing fan dit bedrach wurdt yn de begrutting opnaam en kin foar 1985 noch ten leste fan de post "ûnfersjoene útjeften" brocht wurde. Fierders is der in begrutting makke foar ferfanging fan learlingensets en dosintenburosLearlingensets en dosintenburo1s binnen yn 1970 oantúgd en oer it generaal noch goed brûkber. Der binne miskien wol inkelde eksemplaren dy't skansearre binne, mar it gros is noch net oan ferfanging ta neffens ús betinken. Wol sil de tsjinst gemeentewurken oan it ein fan dit jier mei in ynventarisaasje komme oer de kwaliteit fan it op de iepenbiere basisskoallen oanwezige meubilêr. Dan ek sil besjoen wurde, wat der nij oantúgd wurde moat en yn hoefier meubilêr dat fersliten is, oanfolle wurde kin mei materiaal fan in oare skoalle. Yn dit ramt sil dan ek it meubilêr fan de iepenbiere basisskoalle fan Raerd neier bejoen wurde. Bedoeling is, dat alle skoallen fan behoarlik meubilêr fersjoen binne. Gearfetting: wy stelle jimme ried út krediten beskikber te stellen fan 24.424,(foar de ynrjochting) en 7.150,(foar nije skoalbuorden en gerdinen)It konsept-riesbeslút leit by de stikken om yn te sjen. Boargemaster en wethâlders fan Boarnsterhim, de siktaris, de boargemaster, P.H. Starreveld. B.G. Holtrop

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1985 | | pagina 119