- 13 - rijders tegenwoordig. Hij stelt daarom voor om van het fietspad een overplicht fietspad te maken en de rijbaan verboden te verklaren voor fietsers Wethâlder Van Gorkum seit dat der hjir allinnich praat wurdt oer it earste stik fan it fytspaad. Buten de beboude kûm is it paad fan de provinsje. By de provinsje is men fan betinken dat der in fytspaad oanlein is dat ek troch brommers brükt wurde kin, om't it dêr op berekkene is. It is net ferstannich om it earste stikje fytspaad ôfwike te litten fan it oare stik. Fierder tinkt sprekker dat it wol feiliger is dat de brommers fan de dyk ôf hâlden wurde De hear De Wolf hat syn twifel oer de feiligens fan it fytspaad om't der wat in rare bocht yn sit en in grutte hobbel. Hy kin him fierder wol yntinke dat der net samar ôfwykt wurde kin fan de formele gong fan saken, mar hy soe wol graach wolle dat it kolleezje dit by gelegenheid nochris mei Deputearre Steaten bepraat. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten. 17. Voorstel tot verpachting van de brug over de Rogsloot te Wartena. De hear Nieuwdam fynt it spitich dat de adfertinsje 10 dagen foar 1 april pas yn de krante stien hat. Dat is wol ryklik let. Hy soe ek wol graach witte wolle wat no de besparring fan de leankosten wêze sil. Hoe is de situaasje yn Wergea oplost, no't dêr alhiel gjin reaksjes op kommen binne? Is fierder de tekst fan it pachtkontrakt yn oerlis mei de pachter fêst steld? Dy brêgewachter moat ek it nedige smar- en tarwurk dwaan en sprekker freget him of wa't it materiaal betelje sil. Syn fraksje is wol akkoart mei dit útstel, mits alle konsekwins jes dúdlik fêstlein binne. Ek wolle hja oerlis hawwe oer it algemiene belied oangeande it ôfstjitten fan gemeentetaken De hear Van der Baan fynt it spitich dat er der wer oer begjinne moat, mar it moat wêze 'Rogsleat' en net 'Rogsloot'. Hy seit it kolleezje ta dat as der in jier lang yn alle útstellen de goede fêststelde nammen brükt wurde, dat hy harren dan in oranjekoeke jaan sil. Fierder freget hy him of oft de nammen yn de doarpsfernijingsplannen ek al feroare binne De hear Damsma freget oft it provinsjale belied der yndied op rjochte is om ferpachting fan brêgen tsjin te gean. De heer De Wolf vraagt zich af hoe de bediening van de brug geregeld wordt, als de pachter door onvoorziene omstandigheden niet in staat is de brug te bedienen. Verder vraagt hij hoe de bedieningstijden op zon- en feestdagen zijn, omdat de tijden in het pachtcontract afwijken van de door de raad vastgestelde tijden. Wethâlder Van Gorkum andert dat de pleatsing fan de advertinsje yndied let wie. De besparring fan leankosten hat ferline jier sa'n 4.000,= west. Yn Wergea is wer in of spraak makke mei deselde man foar in fêst bedrach, wylst it brêgejild oan de gemeente ofdroegen wurdt. Oer it opstellen fan it pachtkontrakt kin sprekker neat sizze om't de amtner dy't dat dien hat no mei fakânsje is. Oer it provinsjale belied is him neat bekend. By sykte fan de pachter sil der foar soarge wurde dat de brêge dochs betsjinne wurdt. De iepeningstiden binne fansels lyk oan de tiden sa't dy troch de ried fêststeld binne. Fierder sil der nochris in ynhâldlik petear komme oer it al of net trochgean mei dit ferpachtsjen. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1985 | | pagina 17