- 3 - Punt 16: De hear Van der Baan seit dat der yn in koart tiidsbestek 2 rapporten ferskynd binne oer it Frysk yn it offisjele ferkear. In provinsjaal en in ryksrapport. De rie hat him - nei diskusje - efter it stânpunt fan it kolleezje steld oangeande de reaksje op it provinsjaal rapport. It ryksrapport kaam in hoartsje letter. It provinsjaal rapport is yn de rie behanneleWêrom dat ryksrapport dan net? It ryksrapport waacht folie swierder. Ut it ryksrapport folget aanst in twingend belied. Der sil mûlk in rykswet út fuortkomme, in taalwet. Dêrom liket it sprekker logysk dat ek dat ryksrapport yn'e rie behannele wurdt, benammen ek omdat der hiel wat saken yn steane dêr't syn fraksje it net mei iens is. Tal fan útspraken steane heaks op dy fan it provinsjaal bestjoer dy't de rie ûnderskreaun hat. Dêrom kin der net folstien wurde mei deselde reaksje as op it provinsjaal rapport. Boppedat sil dúdlik makke wurde moatte oft de rie efter de útspraken fan de Haachske of efter dy fan de Fryske leden stiet. Sprekker soe graach wolle, dat der noch in oan- foljend kommintaar op de reaksje fan it kolleezje levere wurde koe, b.g. troch in foarbesprek yn'e ôfdieling. De ünwil fan de Haachske leden om te stribjen nei lykweardigens en lykberjochtiging betsjut yn wezen it tsjinwurkjen fan de fierdere Ont jouwing fan it Frysk as taal fan de oerheid. Sprekker is fan betinken dat harren hâlding yn striid is mei de ynternasjonale ferdraggen. Ek soe it in goede saak wêze om de ferantwurdlikens op it stik fan oersettings by provinsje en gemeenten te litten, om't de legere oerheden troch harren direkte en bettere kontakten mei de befolking soks better kinne as de ôfstannelike ryks- oerheid. Sa soe der oer de ryksbydrageregeling wat mear sein wurde moatte en oer de foarmjouwing. De ideëen fan de Haachske leden oer in taalwet dy't him benammen rjochtet op de rjochtsbeskerming fan allinne Hollânsk- taligen wiist sprekker of. Om dizze saken goed troch te nimmen, stelt sprekker út om it ryksrapport goed te besprekken yn'e ôfdieling en dêrnei in oanfoljend kommintaar te stjoeren nei de rykskommisje as dat neffens de leden fan de rie nedich wêze soe. De hear Van den Berg seit dat syn fraksje him fine kin yn de oanpak fan it kolleezje. It giet hjir om in proses dat stadich fierder giet, wêrby men ek wolris in stapke tebek moat. It liket him dat dat der net yn ien kear in fêste line of te twingen is. Hy is tefreden oer de wize wêrop it prinsipjele stânpunt fan de gemeente nei foaren brocht is. Volgens de voorzitter gaat het om de vraag welke lijn uitgezet moet worden om een bevordering van het Fries te bewerkstelligen. Het rijks rapport bevat voor een groot deel dezelfde elementen als het provinciaal rapport. Daarom is in eerste instantie dezelfde reactie gegeven. Binnen kort komt ook het taalbeleid binnen deze gemeente aan de orde. Om te voorkomen dat op die discussie wordt vooruitgelopen, leek het het college verstandiger om in eerste instantie niet uitgebreid over het rijksrapport te spreken. De bespreking van dat rapport kan heel goed gecombineerd worden met de discussie over het te voeren taalbeleid binnen deze ge meente De hear Van der Baan seit dat der safolle êfwikende punten yn it ryks rapport binne, dat hy it spitich fynt dat der net besluten wurdt om der ris yn de ôfdieling apart oer te praten. De voorzitter zegt dat dit punt in de eerste afdeling aan de orde gesteld kan worden. Aan de mededelingen wordt nog toegevoegd punt 17: opening gemeentekantoor. De hear Van den Berg seit dat syn fraksje de foarsitter noch in kado oerlangje wol nei oanlieding fan de iepening fan it nije gemeentekantoar

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1985 | | pagina 7