w 33. Utstel om taaibeleidsplan Frysk te meitsjen. GEMEENTE BOARNSTERHIM Oan 'e gemeenterie. Grou, 9 augustus 1985. Yn it oanbiedingsbrief by de begrutting foar 1985 hawwe wy jimme foar it lest skriftlik oer it wurden fan ynfieringsgemeente ynformear- re. Yn dat brief stiet Onder oare dat wy jimme op 'en nij ynformear je en in útstel oer de saak foarlizze sille. Us doel wie om earst nei te gean hoe't de befolking en de amtners oer it wezen fan ynfie ringsgemeente tinke Dêr it folgjende oer. Befolking. Om ynsjoch te krijen yn de stânpunten fan de befolking hawwe wy út praktysk eachpunt net alle ynwenners, mar de ferienings fan pleatslike belangen om harren miening frege. It polskjen fan de hiele befolking hie net allinnich organisatoarysk in heikerwei west, mar hie boppedat eins wol twongen ta foarl jochting oer it Frysk yn it offisjele ferkear. Hieltiten docht ommers bliken dat it belied Frysk by de oerheid foar- en tsjinstanners hat. Lang net altiten giet it dan om feiten, mat om emosjoanele aspekten, wêrtroch in stik Onderling begryp opkeard wurdt. Dat léste hie in stik foarl jochting wat oan dwaan kinnen, as bekend west hie hokker taalbelied de gemeente foar eagen stiet. No't dat noch net it gefal is, hie foarljochting net folie doel. As dat (Ontwerp) belied der wol is soe de gemeente yn him omgean litte kinne en jou de ynwenners de kâns har dêr oer út te sprekken, bgl. op harksittings Fan de fjirtjin ferienings hawwe úteinlings njoggen reägearre. It docht bliken dat de ferienings oer it generaal geunstich tinke oer it wêzen/wurden fan ynfieringsgemeente. Wy wize derby fral op de brieven fan Dearsum, Sibrandabuorren, Warten en Wergea en op de enkête-útslach fan Boarn, Akkrom, Roardhuzum en Terherne sprekke har net oer de kwestje út. De mear negatieve lûden komme fan Jirnsum en Poppenwier. Us algemiene konklúzje is dat der gjin oanwizings binne dat in grutter part fan 'e befolking him tsjin it wurden fan ynfierings gemeente keart. Dy konklúzje strykt mei de konklúzje dy't lutsen wurde kin op grun fan it wiidweidige taalQndersyk "Taal yn Fryslân" (ferskynd by de Fryske Akademy yn 1984). As, sa't wy dogge, mei taalbeleid bedoeld wurdt it útwreidzjen fan fral it skriftlik Frysk, fan gefolgen dat it Nederlânsk wat minder brukt wurde kin, dan miene wy dat taalbeleid de trochsneed amtner mear rekket as oar gemeentlik belied. Want ek al soe de amtner net seis Frysk skriuwe, dan noch krijt er mei it Frysk te meitsjen. Bgl. troch Frysktalige teksten fan it gemeentebestjoer fan kollega's en foar't neist ek fan de befolking. Amtners

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1985 | | pagina 86