-2- Dat léste hat wol bliken dien by de ynfieringsgemeenten Tytsjerkste- radiel en Wûnseradiel en by de provinsje Fryslân. Taalbeleid is foar de measte amtners (en bestjoerdersdan ek net in frijbliuwende saak, mar freget fan in soad minsken op it gemeente- hûs in passive behearsking fan it Frysk (leze en ferstean kinne) en fan oaren in aktive behearsking (prate en skriuwe kinne). Mei dat feit foar eagen fûnen wy it wichtich om te witten hoe't de amtlike organisaasje oer it wurden fan ynfieringsgemeente tinke soe. Sadwaande hawwe wy alle amtners fan de siktarij en gemeentewurken (en ússels) de gelegenheid jûn oan in taalenkête mei te dwaan (leit by de rieds- stikken om yn te sjen). Om't it wolris sa wêze kin, dat de stânpunten oer de funksje en it plak fan in minderheidstaal as it Frysk ôfhingje fan de behearsking fan dy taal, benammen wannear't sa'n taal yn eigen fermidden in formeel plak krijt, hawwe wy foar in wiidweidige enkête keazen. Just yn dy opset koene frijwat fragen steld wurde oer taalbehearsking, taalhâlding (hoe tinkt men oer it Frysk) en taalgedrach (hoe brûkt men it Frysk)Namste mear dêr ynsjoch oer bestiet, namste better kin rûsd wurde hoe't it belied Frysk him yn de organisaasje fan Boarnsterhim ûntjaan kin. Hoewol't de ûnderskate enkête-útslaggen sjen litte dat de feardigens om Frysk te skriuwen net oerhâldt, miene wy dat de útslaggen meiinoar yn basis foarmje om yn fieringsgemeente te wurden. Fierwei de measte lju kinne wol Frysk léze en der binne dochs ek noch wol wat dy't it skriuwe kinne. Der noch fan ôfsjoen dat it meidwaan oan kursussen Frysk it tal Fryskskriuwers grutter meitsje sil. De begripen ynfieringsgemeente en útwreidingsgemeente Frysk en de fierdere gong fan saken. Op grûn fan it wenstich taalgebruk hawwe wy oant no ta inkelde kearen it begryp ynfieringsgemeente Frysk brûkt. Dochs mine wy dat dat begryp net hielendal krekt is. Feitliken jout it allinnich mar de befêstiging fan in besteande sitewaasje oan. De gemeente is al ynfieringsgemeenté'meidat er - en sa ek de trije eardere gemeentel- al geregeldwei de Fryske taal yn it offisjele ferkear brûkt. Better is dan ek om fan útwreidingsgemeente Frysk te sprekken. Krekt as yn it begryp ynfieringsgemeente sit dêr it plak fan it Frysk by de gemeente yn bebakt mei dêroerhinne it doel om dy taal mear te brûken. It útwreidzjen fan it Frysk sjogge wy net as in doel op himsels, mar as in foarm fan it stribjen nei lykberjoohtiging tusken de Frysk- en Nederlânsktaligen. Neffens it riedsbeslút fan 7 septimber 1984, punt 4 (gemeentlike reäksje op it provinsjaal Einrapport "fan geunst nei rjocht") is lykberjoch- tiging net itselde as it sa folie mooglik befoarderjen fan it Frysk. Lykwols miene wy dat yn 'e hjoeddeiske sitewaasjes fan amper Fryskta- lige teksten, mear fan sokke teksten in betingst is om de lykberjoch- tiging stâl te jaan. Wy leauwe net dat it ferstannich is om no al útwreidingsgemeente te wurden, om't op dit stuit alle (ûn)mooglikheden en konsekwinsjes dêrfan net rjocht besjoen wurde kinne. Wy tinke oan fraachstikken as bgl. de breklike, skriftlike taalbehearsking fan de gemeentlike organisaasje, it wennen fan 'e befolking en organisaasje ta it lezen fan Frysktalige teksten.de rjochtsbeskerming fan de Nederlânsk- taligen en de beliedsûnt jouwing fan it Frysk by it ryk.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1985 | | pagina 87