-3- Better is it om dy en oare kwestjes goed nei te gean en yn in taalbe- liedsplan te ferwurkjen. Wannear't dat plan yn ûntwerp-foarm klear is, binne wy fan doel om it oan jimme foar te lizzen om fêst te stellen en tagelyk om jimme te rieden prinsipjeel te besluten oft en yn hoefier't Boarnsterhim útwreidingsgemeente Frysk wurdt. Om't taalbeleid mei de befolking, it bestjoer en de amtlike organi- saasje te meitsjen hat, miene wy dat al dy trije skiften meiinoar it taalbeliedsplan meitsje moatte. Wy binne dan ek fan doel om der in kommisje foar yn te stellen, dy't bestean sil út inkelde boargers, in pear gemeentebestjoerders en inkelde amtners. De foarsit- ter soe in lid fan it kolleezje wêze moatte, de skriuwer de provinsja- le projektbegelieder Frysk yn it offisjele ferkear. Utstel Wy stelle jimme rie út om in taaibeleidsplan te meitsjen en by it fêststellen fan dat plan in prinsipjeel beslút te nimmen oer it wurden fan útwreidingsgemeente Frysk. Boargemaster en wethâlders fan Boarnsterhim, de siktaris, de boargemaster, P.H. Starreveld. B.G. Holtrop.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1985 | | pagina 88