w 35. Utstel ta ferdieling fan de ynven- taris fan de eardere neutraal by- sûndere beukerskoallendy1t gjin basisskoalle foarme hawwe nei 1 augustus 1985. Oan de gemeenteried. Grou, 9 augustus 1985. Yn de gemeente Boarnsterhim binne 4 neutraal bysOndere beukerskoallen, dy't nei 1 augustus 1985, gjin basisskoalle foarmje en dus nei dizze datum ophâlde te bestean. It skoallegebou ferfalt, wannear't dit boud is op grûn fan kêst 50 fan de beuker-Onderwiiswet oan de gemeente. Sa ek de ynventaris dy't oantúgd is mei gemeente- jild. De gemeente stiet yn ús gefal de hiele ynventaris fan alle fjouwer skoallen ta syn beskikking. No binne der lykwols ek in tal iepenbiere en bysOndere legere skoallen, dy't yngeande 1 augustus 1985 in basisskoalle foarmje sille. En om't der gjin beukerskoalle fan deselde sinjatuer oanwêzich is, moat foar dizze skoallen in alhiel nije ynrjochting foar de ûnderbou oantúgd wurde. It giet derby om de iepenbiere skoallen fan Raerd, Sibrandabuorren, Terherne, Warten en Aldeboarn en de bysOndere skoallen fan Jirnsum, Aldeboarn, Wergea en Warten. De oergongswet Wet op it basisûnderwiis seit it folgjende yn kêst E39 en E44 en folgjend oer de ynventaris fan de basisskoalle. Kêst E39 bepaald, dat it foechhawwend gesach fan in beuker- of legere skoalle dat gjin basisskoalle beheart op 1 augustus 1985 alle roerende saken, mei útsûndering fan dy saken dy't mei eigen middels oantúgd binne, oerdraacht oan de gemeente. Yn kêst E44 is fêstlein dat de ynventaris dyt in foechhawwend gesach in gebrûk hat op 31 july 1985 fan in beuker of legere skoalle yn begjinsel foldwaande wêze moat foar de basisskoalle. Kêst E45 giet fierder, foar it gefal dat der sjoen it tal learlingen net foldwaande ynventaris op de skoalle foarhannen is. Is dit it gefal, dan kin it foechhawwend gesach oan de gemeenteried de needsaaklike oanfolling fan dy ynventaris of fergoeding fan de kosten freegje. Neffens kêst E46 wurdt in fergoeding allinnich útkeard wannear't oanfolling fan ynventaris net mooglik is út de noch brûkbere ynven taris, dy't op grûn fan kêst E39 oan de gemeente oerdroegen is. De beskikbere ynventaris wurdt oer de iepenbiere en bysûndere basisskoallen ferdield yn de ferhâlding dêr't ferlet fan oanfulling fan is.lt ryk fergoedet de kosten fan it oanskaffen fan ynventaris neffens kêst E45 yn de útkearing fan in bedrach it jier sa as bedoeld is yn kêst 99 fan de Wet op it basisûnderwiisDe neiere útwurking fan de ryksfergoeding wurdt regele yn in algemiene maat regel fan bestjoer. GEMEENTE BOARNSTERHIM

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1985 | | pagina 90