- 2 - Hjirnei folget in oersicht fan skoallen dy't op 1 augustus 1985 gjin basisskoalle beheare en dert de ynventaris fan yn it foarste plak beskikber is foar skoallen dy't foar 1 augustus gjin koppel foarmen mei in beuker of legere skoalle. Bysunder neutrale beukerskoalle fan Raerd. Gjin basisskoalle op 1 augustus 1985. Alle roerende saken ferfalle oan de gemeente. Der is in ynventarisaasje makke fan it oanwêzige materiaal neffens bygeande stikken (by de riedstikken op besjen). Utstelit materiaal dat op dit stuit oanwêzich is op de dependance fan Sibrandabuorren taskikke oan de iepenbiere basisskoalle Sibranda- buorren neffens de list. It oare materiaal kin wol brûkt wurde troch de iepenbiere basisskoalle fan Raerd. Utstel: kredyt beskikber te stellen foar boppeneamde saken. Nutsbeukerskoalle "De Earste Wjukslach" Aldeboarn. Gjin basisskoalle op 1 augustus 1985. Troch it personiel fan "De Earste Wjukslach"de iepenbiere en bysûndere basisskoalle yn Aldeboarn is yn Onderling oerlis in ferdieling fan de learmiddels en ynventaris makke neffens bygeande list (by de riedstikken op besjen). Dêrnjonken is troch de iepenbiere basisskoalle in oanfoljende begrutting yntsjinne foar materiaal foar de beukerôfdieling/ûnderbou. Hjirmei is in bedrach fan 8.240,muoid, de b.t.w. hjiryn beflapt. By beslút fan 21 maaie is troch jimme ried besletten meiwurking te ferlienen oan de bysûndere basisskoalle fan Aldeboarn foar it oantúgjen fan ynventaris/Ontwikkelingsmateriaal foar de beuker- ôfdieling. Troch de bysûndere basisskoalle is ek in oanfoljende begrutting yntsjinne foar Ontwikkelingsmateriaal foar de beuker- ôfdieling. Yn grutte linen kinne wy hjir wol akkoart mei gean. Der is lykwols ek noch in begrutting yntsjinne foar it oantúgjen fan allerhande nij meubilêr. Tsjin dizze begrutting hawwe wy lykwols in tal betinkingen, sadat hjiroer noch oerlis pleats fine sil mei it bestjoer fan de bysûndere basisskoalle. Utstelmateriaal "De Earste Wjukslach" ferdiele oer iepenbiere en bysûndere basisskoallen neffens list en in kredyt fan 8.565,- beskikber te stellen foar de oanskaf fan oanfoljend materiaal foar de iepenbiere basisskoalle. BysOnder neutrale beukerskoalle "Beukerhonk" Warten. Gjin basisskoalle op 1 augustus 1985. Yn oerlis mei it personiel fan beide legere skoallen fan Warten is in ferdieling makke fan it op "Beukerhonk" oanwêzige materiaal. Fierders wurd foarsteld, ut grut-boartersmateriaal Onder te bringen yn it gymnastyklokaal sadat mei de tiid beide basisskoallen der gebrûk fan meitsje kinne. Dêrnjonken is troch de iepenbiere basisskoalle frege om in tal oanfoljende foarsjennings. Dit sil troch Os noch neier besjoen wurde. Mei de tiid sille wy dan mei in foarstel hjiroer komme. UtstelMateriaal neffens de opstelde list (by de riedstikken op besjen) ferdiele oer iepenbiere en bysûndere basiskoallen. Meiwurking te ferlienen oan bysûndere basisskoalle foar ynrjochting Onderbou.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1985 | | pagina 91