w GEMEENTE BOARNSTERHIM 36. Utstel fan nammejouwing oan de iepenbiere skoallen fan Wergea en Roardhuzum Oan de gemeenteried. Grou, 9 augustus 1985. Yn in oan ús kolleezje rjochte skriuwen (foar jimme by de riedsstikken op besjen), stelle it personieldé âlderrieden en de meikediezings- rieden fan de beuker- en legere skoallen "Bernewrâld" en "Trije Doarpenskoalle" yn Roardhuzum en ,Mt Stolpke" en "J.H. Nieuwoldschool" yn Wergea út, de te foarmjen basisskoallen mei yngong fan 1 augustus o.s., respektievelik "Trije Doarpenskoalle" en "J.H. Nieuwold- skoalle" te neamen. De nammen "Bernewrâld" en "'t Stolpke" komme hjirmei dus te ferfallen. Wy kinne ús lykfine mei boppeneamd utstel en stelle jimme dan ek út de mei yngong fan 1 augustus o.s. te foarmjen basisskoallen yn Roarduzum en Wergea de namme fan respektivelik "Trije Doarpen skoalle" en "J.H. Nieuwoldskoalle" te jaan. Boargemaster en wethâlders fan Boarnsterhim, de siktaris, de boargemaster, P.H. Starreveld. B.G. Holtrop.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1985 | | pagina 93