W 37. Utstel ta it beskikber stellen fan in kredyt foar de earste ynrjochting fan it "speellokaal" fan de Master Wiels- maskoalle te Grou. GEMEENTE BOARNSTERHIM Oan de gemeenteried. Grou, 9 augustus 1985. Fan de haadliedster fan de eardere iepenbiere beukerskoalle "It Roefke" yn Grou is der in fersyk ynkommen, om in kredyt beskikber te stellen foar de earste ynrjochting fan it "speellokaal" foar de ûnderbou fan de "Master Wielsmaskoalle" yn Grou. It haadgebou fan de "Master Wielsmaskoalle" is it eardere legere- skoallegebou. It gebou fan "It Roefke" wurdt oantsjut as in dislo kaas je hjirfan. Wol is it sa, dat dizze dislokaas je mei de tiid opheven wurdt en dat de beuker-ôfdieling ûnderbrocht wurdt yn it haadgebou. Yn it oergongs-húsfestingsoersicht wurdt der fan útgien, dat ien fan de tri je lokalen yn "It Roefke" mei yngong fan it skoaljier 1985/1986 brûkt wurde sil as "speellokaal". Om't der foarhinne gjin apart "speellokaal" foarhannen wie, wurdt no't dit wol it gefal is, fersocht it nedige faor de earste yn rjochting fan in "speellokaal" oan te túgjen en hjirta in kredyt beskikber te stellen. Yn oerlis mei de ynspeksje fan it basisûnderwiis is in list opmakke fan saken dy't nedich binne foar it "speellokaal". It giet derby om in klimrek, in springkast, 35 ballen opbergrek en in musykboerd. Sjoen it taakstellend karakter fan de ryksfergoeding foar it basisûnderwiis, binne wy fan betinken, dat in musykboerd net mear as 100,jilde mei. Fierders kinne wy wol akkoart gean mei de yntsjinne begrutting fan yn totaal 6.158, Rekken hâldend mei ús eardere opmerking oer it musykboerd, stelle wy jimme ried út ta it beskikber stellen fan in kredyt fan 6.088, foar it oanskaffen fan de earste ynrjochting fan it "speellokaal" fan de "Master Wielsmaskoalle". Boargemaster en wethâlders fan Boarnsterhim, de siktaris, de boargemaster, P.H. Starreveld. B.G. Holtrop.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1985 | | pagina 94