W7 GEMEENTE BOARNSTERHIM 39. Utstel ta it ferlienen fan meiwur king op grûn fan kêst 72 fan de Leger ûnderwiiswet 1920 en kêst 74 fan de Wet op it basisunderwiis om in stinselynbrânapparaat oan te túgjen foar de bysQndere basisskoalle fan Warten. Oan de gemeenteried. Grou, 9 augustus 1985. Fan it bestjoer fan de Protestant Kristlike Basisskoalle yn Warten is it fersyk ynkommen om meiwurking, neffens kêst 72 fan de Leger ûnderwiiswet 1920 foar it oantúgjen fan reprografyske apparatuer. Neffens it programma fan easken fan it bekostigingsstelsel basis underwiis (rapport Londo) heart reprografyske apparatuer ta de noarmynrjochting fan in basisskoalle. Yn begjinsel bestiet de mooglikheid dat der in kar makke wurdt út de kombinaasje stinsel- masjine/stinselynbrânapparaat en in kopiear-apparaat. De ried fan de eardere gemeente Idaarderadiel hat lykwols by beslüt fan 18 desimber 1974 meiwurking ferliend, om in stinsilmasjine oan te skaffen. In part fan de reprografyske apparatuer is dus al oanwêzich op de skoalle. Hjiermei ferfalt yn feite de mooglikheid, meiwurking te ferlienen foar it oantúgjen fan in kopiear-apparaat. Mocht de stinsilmasjine fersliten wêze, dan moat ferfanging bekostige wurde út eigen middels. Om't der gjin stinselynbrânapparatuer oanwêzich is, binne wy fan betinken, dat de meiwurking beheind bliuwe moat ta de oanskaf fan in stinselynbrân-apparaat. Foar in bedrach fan 2.000,moat it mooglik wêze in knap apparaat oan te keapjen. Wy stelle jimme ried dan ek út de frege meiwurking foar it oantúgjen fan in stinselynbrân-apparaat fan op syn meast 2.000,(ekslusyf b.t.w.) te ferlienen. Boargemaster en wethâlders fan Boarnsterhim, de siktaris, de boargemaster, P.H. Starreveld. B.G. Holtrop.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1985 | | pagina 98