- 5 - De hear Terra seit dat syn fraksje him alhiel fine kin yn it adfys fan it kolleezje. Wethouder Poppen zegt dat het college van het advies van de welzijns- commissie is afgeweken omdat één van de medewerkers van theatergroep Baakman een salaris uit deze activiteiten verdient. Verder laat de theater groep andere groepen tegen een lage prijs optreden in het door de gemeente vrijwel om niet beschikbaar gestelde gebouw. Het lijkt spreker dat daar door de subsidiëring van de activiteiten daar wel uit gehaald kan worden. Het is beter om eerst eens te bekijken hoe dat allemaal verloopt. Mefrou Bloem seit dat út de hierprizen gjin winst makke wurdt troch teatergroep Baakman. Troch de subsydzje fan de gemeente kinne groepen mei lytsskalige foarstellingen oanhelle wurde en dy groepen hawwe neffens sprekster likefolle besteansrjocht as bgl. in Krite Grou. Fierder giet it mar om 6 foarstellingen yn ien jier. Sprekster stelt dêrom út om dat subsydzje wol ta te kennen. Vervolgens wordt over het voorstel van mevrouw Bloem om aan theatergroep Baakman wel subsidie te verlenen, gestemd. Dit voorstel wordt verworpen met 7 stemmen voor en 9 stemmen tegen. De tegenstemmen waren van mevrouw Aukes en de heren Van der Baan, Breeuwsma, Damsma, Van Gorkum, Poppen Stallinga, Terra en De Wolf. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het collegevoorstel besloten. 6. Voorstel tot het instellen van een steun- en garantiefonds. Mefrou Bloem seit dat har fraksje bliid is dat it kolleezje mei dit útstel komt nei oanlieding fan wat der yn de begruttingsgearkomste bepraat is en wat dêrnei ek nochris troch de V.V.D. útsteld is. Hja fynt it lykwols spitich dat in gemeente sa'n füns ynstelle moat. De gemeente mei him net bemuoie mei de ynkommenspolityk, mar hja wurdt dochs wol konfrontearre mei de minsken dy't hast net mear de holle boppe wetter hâlde kinne. It soe better wêze dat it regear njonken de ynkommenspolityk ek dizze saak yn hannen hawwe soe. No't dat net it gefal is is hja lykwols bliid dat dit füns ynsteld wurdt. Sprekster hopet dat der net faak gebrûk fan makke wurde hoecht, mar as it al moat, dat dan dyjingen dy't der gebrûk fan meitsje wer wat rommer perspektyf krije. Mevrouw Aukes zegt dat haar fractie niet anders kan dan instemmen met dit voorstel. Zij kan het echter niet nalaten recht te zetten dat het idee van een steunfonds van haar fractie gekomen is. Zij hoopt dat de mensen die in nood zitten daar dan ook een beroep op kunnen doen. De hear Van der Baan seit dat de ideëen oer dit füns yn elts gefal net by syn fraksje weikaam binne. Hy is it mei mefrou Bloem iens dat it in frjemde saak is dat in gemeente sa'n füns hawwe moat. As der gebrük fan it füns makke wurde moat, hopet sprekker dat de helpfregers rynsk holpen wurde sille. De hear Stallinga seit dat ek syn fraksje bliid is mei dit útstel. Hy tinkt dat it goed is dat der omtinken jûn wurdt oan situaasjes d£r't it ferkeard driget te kommen en dat der al ear't de need op't heechst is, yngrypt wurdt. Fierder is it goed om de minsken in begelieding te jaan sadat herhelling fan sokke swierrige situaasjes foarkaam wurde kin. Sprekker fynt it fierder gjin goede saak dat hyltyd it regear op't aljemint brocht wurdt. De situaasje is no ien kear sa en it is better om dy dan sa goed mooglik op te lossen.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1985 | | pagina 9