- 9 -
Sprekker fynt dat dat net in goede wize is wêrop in oerheid
mei de boargers omgiet.
Fierder tinkt hy dat men ferkeard dwaande is as der no besluten
nommen wurde op grûn fan sifers fan in tal jierren tebek. De
gemeente moat him dwaande hâlde mei de belangen fan alle boargers
en yn dit gefal binne dat twa groepen. De middenstân dy't belang
hat by de nije stegers en de hierders.
De rekreanten hawwe simmerdeis genôch oanlisplakken om't dan
in protte hierders fan fêste plakken ek fuort binne, sadat de
belangen fan de middenstan net skeind wurde. De hierders bringe
neffens sprekker alle jierren genôch op om yn it ûnderhâld fan
de stegers te foarsjen. Hy stelt dan ek út om de kommende jierren
it jild dat hierders en passanten opbringe te reservearjen foar
ûnderhâld en ferfanging fan de stegers. It liket him ta dat
dan alle swierrichheden dêr't men no foar sit, oplost wurde
kinne. Dêrmei is de gemeente net ôfhinklik fan de subsydzje-
jouwers en de hierders kinne bliuwe dêr't hja no binne.
De minksen dy't hjirre in fêst lisplak hiere, hawwe ek sa'n
bining mei dat plak en mei Grou dat it sprekker net goed taliket
om dat te feroarjen, alhiel net nei in plak efter de brêge, mar
ek net nei oare plakken.
De heer De Wolf wil graag weten wat in de aanvullende informatie
onder b met de daargenoemde 20.000,wordt bedoeld voor wij
ziging plan. Verder is er onderzoek geweest naar alternatieve
ligplaatsen en spreker wil graag weten wat dat heeft opgeleverd.
Hij vraagt zich af over welk plan qua uitvoering nu gesproken
wordt. Spreker mist in het voorstel ook de kosten van de ver
vangende ligplaatsen en voor de extra brugbediening. Het voorstel
is op dat punt incompleet. Voor het aanleggen van rondvaartboten
zijn betere plaatsen denkbaar dan in het lang langs de nieuwe
steigers. Daarmee worden juist veel plaatsen opgeofferd in plaats
van nieuwe gecreëerd.
Spreker vraagt zich af of het mogelijk is om tussen de steigers
meer ruimte te creëren zodat het manouvreren voor de passanten
gemakkelijker wordt gemaakt. Hij heeft verder de indruk dat
de vaste ligplaatsen zichzelf best kunnen financieren en dat
daarvoor geen subsidie nodig is. Als er over het belang van
de middenstand gesproken wordt moet daar ook bij bedacht worden
dat het dan niet alleen over de ondernemers en hun organisaties
gaat, maar ook over een groot aantal werknemers.
Wethâlder Van Gorkum seit, dat yn dit plan yndied opnommen is
it kwalitatyf ferbetterjen fan de lisplakken oan de stegers
troch in golfdemmpende konstruksje. Der soe in ûndersyk nei
komme, mar út ynformaasje hat bliken dien dat de kosten fan
dat ûndersyk alhiel foar rekken fan de gemeente komme soene.
Fierder soe it nei alle gedachten ek net folie opsmite om't
allinnich in konstruksje fan platen oan de grûn ta, it sûgjen
fan de grutte boaten yn it kanaal opfange kin, mar dat soe op
oare plakken wer mear streaming jaan. Dêrom like it it kolleezje
better om dy kosten dan mar te besparjen en dit ündersyk net
trochgean te litten.Der sii in ienfâldige weagendempende konstruksje
betocht wurde en op dit stuit is net bekend hoe't soks der út
sjen sil.