- 11 - De suggestje om de rûnfeartboaten by it Storkterrein oanlizze te litten fynt sprekker it besjen wol wurdich, mar dan wol yn oerlis mei de belutsen minsken. It idee fan de hear Stallinga om it subsydzje net te brûken en de stegers oan te lizzen fan oare beskikbere jilden liket sprekker net goed. Dit is in grut plan, it sil de gemeente wol genôch kost jen gean en dan is it subsydzje fan ryk en provinsje wol fan belang. Fierder is it net oan it ûnderhâld fan de gemeente te witen dat de stegers no sa min binne. Der binne plakken dêr't men foar ûnderhâld net by komme kin en op dy plakken binne de stegers sa min dat it it beste is om de hiele konstruksje mar te herstellen. By de sifers fan it C.I.M.K.-rapport binne miskien fraachtekens te setten, mar der hoege gjin fraachtekens by it feit dat dit plan in fersterking betsjut foar Grou as rekreaasjedoarp. It kolleezje hat oan partikulieren dy't op dit stuit iepen lisplakken hawwe, frege om dy plakken iepen te hâlden oan't nei dizze gear- komste. As foar de rûnfeartboaten in oar plak keazen wurdt en dat soe de Kade wurde dan moat der ek in hurd belied fierd wurde, neffens sprekker. Dat hâldt yn allinnich rûnfeartboaten. Foar passanten en fêste lisplakhierders is in plak oan de Kade ek tige nijsgjirrich en dêrom sil der noch wol oer praat wurde moatte. It kolleezje hat yn it plan ek de mooglikheid makke om de rûnfeartboaten oan de stegers oanlizze te litten. As men dêr mei akkoart gean kinne soe, dan soene de problemen rûn de Kade oplost wêze. It fergrutsjen fan de romten tusken de stegers is ek in technysk ferhaal, dat moarntejûn oan de oarder komme kin. Sprekker freget oft de riedsleden yn twadde termyn mei konkrete útstellen komme wolle, sadat der ek mei de technyske útwurking rekken hâlden wurde kin. It kolleezje kin fierder tasizze dat mei de plakken dyt oan de stegers kreëerd wurde kinne en de partikuliere lisplakken der genôch lisplakken komme foar de hierders fan fêste lisplakken oan de Marswei sadat dy net efter de brêge hoege. De hear Stallinga seit dat de wethâlder him oer dat subsydsje ferkeard begrepen hat, want dêr wol hy wol gebrûk fan meitsje. Yn syn útstel wurdt de steger lykoprinnend mei it soal. De kon struksje wurdt dan sa makke dat der tusken de steger oan de kant en it T-stik mear romte komt om mei in boat te manoevrearjen. Yn syn opset is mei it subsydzje genôch jild om de T-steger te meitsjen en om it minste part te ferfangen. De oare stegers soe gewoan ûnderhâld oan dien wurde kinne en dan is alles wer yn oarder. Om der in promenade fan te meitsjen hoecht fan sprekker net. Foar him bliuwt dan noch de fraach oer oft in steger lyk oprinnend makke wurde mei mei it soal. Oangeande de runfeart- boaten liket it him ta dat it kolleezje dêr mar in útstel oer dwaan moat. Het lijkt mevrouw Aukes onverstandig om op dit moment een besluit hierover te nemen. Morgen zal er nog een bespreking zijn over de technische kant van deze zaak. Er worden nu nog allerlei alternatieven naar voren gebracht. Het lijkt spreekster veel verstandiger om dat alles af te wachten en als het nodig is in een spoedeisende vergadering alsnog een beslissing te nemen.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1985 | | pagina 15