- 18 -
21. Voorstel tot het beschikbaar stellen van een krediet van
380.000,ten behoeve van het bouwrijp maken van een gedeelte
van het bestemmingsplan De Hemmen N.0. te Akkrum.
Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform
het voorstel besloten.
22. Voorstel tot het beschikbaar stellen van kredieten voor bodem
sanering van het voormalige bedrijfsterrein K. de Jong te Irnsum
en voor het bouwrijp maken van het uitbreidingsplan Dekemastraat
fase II te Irnsum.
De hear Terra is kjel wurden fan wat der yn de grún sit en
fan wat it kostje moat om dy grûn der wei te hel jen. Hy freget
him óf, hoe't dy swiere metalen der yn de grûn kaam binne.
Fierder freget hy wat der mei De Jong oangeande de bedriuws-
ferpleatsing besprutsen is. Hie dy man wol yn de rekken wat
hjir efter wei kaam?
Wethâlder Breeuwsma seit dat net mear krekt nei te gean is
hoe't al dy metalen yn de grün kommen binne, om't der earder
ek al bedriuwkes sitten hawwe. De Jong is der ek kjel fan wurden
dat it noch safolle kostje moast, om't hy der fan út gien wie
dat it wol wat tafolle soe. Om't it kolleezje ek wol begrypt
dat bedriuwen als dy fan De Jong it net maklik hawwe om yn
dizze tiid oan de gong te bliuwen sil der socht wurde nei in
goede oplossing foar dit probleem.
Mefrou A. Zijlstra dielt de soarch fan de hear Terra oangeande
de fersmoarge grün. Hja freget oft der by it opreden goed om
tocht wurdt dat alles der út helle wurdt.
Wethâlder Breeuwsma andert dat it Ontgraven ûnder tafersjoch
giet en hy hat der dan ek gjin noed mei dat it net goed komme
sil
Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel
besloten.
23Voorstel tot het beschikbaar stellen van een voorbereidings
krediet ten behoeve van de riolering Irnsum.
Mefrou A. Zijlstra is fan betinken dat der besjoen wurde moat
oft de riolearring fan it yndustryterrein en it gemaal oansluten
wurde kin op it provinsjale gemaal op it parkearterrein, dan
soe 80% van Jirnsum op de riolearring oansluten wêze. Dat fynt
hja in moai resultaat.
De hear Damsma freget him of oft by de útfiering fan dit plan
ek in stik doarpsfernijing, benammen oan de noardkant fan it
doarp, meinommen wurde kin.
De hear Terra is bliid mei dit plan, om't Jirnsum noch ien
fan de doarpen is dy't net op de riolearring oansluten is.
It liket him goed dat as der mooglikheden binne om plan
A en B tagelyk út te fieren, om't der oars noch in part oer-
bliuwt dat net op de riolearring oansluten is.