- 23 -
34. Voorstel tot afwijzing van het verzoek om een culturele raad
Boarnsterhim in te stellen.
De hear Bethlehem seit dat hy net út namme fan de fraksje praat.
Hy fynt dat der wol in gemeentlike kulturele ried komme moat.
Sa'n ried is der om de kultuer yn de lytse doarpen te befoar-
derjen. Yn de grutte doarpen libbet dat mear. Hy hopet dat
dy ried der wol komme sil. Mocht dat net in gemeentlike ried
wurde dan freget sprekker oft der dochs mooglikheden binne
om jild foar dizze ried beskikber te stellen. As de minsken
it seis betel je moatte, liket it him ta dat it neat wurde sil.
De hear Terra slút him oan by de wurden fan de hear Bethlehem.
Syn fraksje is der wol foar dat dizze ried der komt. Sa'n ried
docht in protte foar de befolking.
Mefrou Bloem seit dat de mearderheid fan de P.v.d.A.-fraksje
it iens is mei it útstel fan it kolleezje. Hja tinkt dat it
net perfoast needsaaklik is dat der in gemeentlike kulturele
ried komt. Dat funksjonearret sa ek wol goed. Der kin altyd
jild oanfrege wurde, lyk as oare ferienings dat dogge.
De hear Damsma is it iens mei de hear Bethlehem.
De hear Van der Baan is fan betinken dat in kulturele ried
net folie mear tafoegje kin oan de aktiviteiten dy't der al
yn de doarpen binne. Men regelt dat seis wol. Syn únderfinings
mei kulturele rieden binne dat dat meastentiids logge lichems
binne, dy't lang sa ynspirearjend net wurkje as de eigen mienskip.
Wethouder Poppen antwoordt dat dit werk valt onder het sociaal-
cultureel werk en daar is al een commissie voor. De bestaande
culturele raad doet heel goed werk en spreker vraagt zich af
of het dan nodig is dat de gemeente ook nog eens zo'n raad
instelt. Omwille van het geld hoeft die raad niet opgeheven
te worden, want de welzijnscommissie is bereid een subsidie
aanvraag te bekijken en te honoreren.
De hear Bethlehem seit dat de kommisje dêr't de wethâlder op
doelt foarearst net oan it wurk takomt dat no troch de kulturele
ried dien wurdt. De hear Van der Baan, sa seit sprekker, fynt
seis dat er in moai ferhaal hâlden hat (De hear Van der Baan:
"Dat ha'k hielendal net sein). Benammen yn de lytse doarpen
moatte de kulturele aktiviteiten dochs wol stimulearre wurde,
om't men der oars net oan ta komt. Sprekker wol dan noch wol
graach witte hoe grut it bedrach is dat dy kulturele ried oan-
freegje kin.
De hear Van der Baan is fan betinken dat it mei de kulturele
aktiviteiten yn de lytse doarpen wol wat tafalt. Der hoecht
net altyd in kulturele ried te wêzen.
Wethouder Poppen zegt dat het niet zo te zeggen is om welk
bedrag het gaat. Aan de hand van de verordening zal bekeken
moeten worden welk bedrag beschikbaar wordt gesteld.