- 2 - Op it bouplan ûnder 3 binne fan tapassing de foarskriften fan it bestimmingsplan "kern-Roordahuizum" It bouplan foarsjocht yn de ôfbraak fan in besteande skuorre en de bou fan in nije, gruttere skuorre (keallestâl en berging foar boere-ark) De bestimming fan it perseel is agrarysk. Ut dit eachwiid is der gjin beswier tsjin it bouplan. It bebouwingsfoarskrift bepaalt lykwols dat der net boud wurde mei bûten it op de plankaart fermelde bebouwingsflak No foarsjocht it bouplan yn de bou bûten dit bebouwingsflak. Der is dus gjin oerienstimming mei it bestimmingsplan en formeel moat de fergunning wegere wurde. De besteande skuorre bestie lykwols al op it moment fan it foar de earste kear op besjen lizzen fan it bestimmingsplan. Om't it foarlizzende bouplan foarsjocht yn in gruttere útwreiding as 15%, misse wy it foech om sûnder mear boufergunning te ferlienen. Wy hawwe fierders gjin inkelde muoite mei it bouplan en wolle dêroan meiwurking jaan troch it folgjen fan in "kêst-19-prosedure" Op it bouplan Onder 4 binne fan tapassing de foarskriften fan it bestimmingsplan "kern Akkrum-Oost" It bouplan kloppet net mei de foarskriften foar bygebouwen foar wat it plak en it oerflak oanbelanget. Der is dus gjin oerienstimming mei it bestimmingsplan en formeel kinne wy gjin fergunning ferliene. Okkerdeis hawwe wy foar gelykense garages by wenten fan de wente- bouferiening meiwurking ferliend. Yn begjinsel hawwe wy gjin muoite mei de bou fan sa'n soarte fan garage. Foar it perseel Heechfinne 19 hawwe wy muoite mei it pläc wêr't de garage boud wurde sil. Wy hiene leaver sjoen dat de garage oan de gevel fan de wente fêstboud wurde koe. Oerlis mei de eigner hat laad ta de konkluuzje, dat dat net mooglik is. De wentebouferiening wol út soarchsúmens foar it behâld fan har wenten gjin oanboude garages fan hierders tastean. Wy hawwe begrip foar dat stânpunt lykas wy ek begrip hawwe foar de winsk fan de oanfrager om in garage by hüs te hawwen. No ek út in advys fan de kommisje Hüs en Hiem bliken docht dat it bouplan op himsels as ek yn relaasje mei de beboude omkriten akseptabel is, binne wy net fan doel om meiwurking te ûnthâlden oan dit bouplan. Wy sille dërom ús beswier litte foar wat it is en meiwurking ferliene troch it folgjen fan in "kêst-19-prosedure" Op it bouplan Onder 5 binne fan tapassing de foarskriften fan it bestimmingsplan "Uitbreidingsplan in Hoofdzaak"It perseel Over ijsselsestraatweg 10 hat in agraryske bestimming. Bebouwing is op dit perseel yn begjinsel net tastien, útsünderingen binne lykwols beheind mooglik. It bouplan foarsjocht yn it bouwen fan in garage by in wente en is dus stridich mei it bestimmingsplan. Formeel kinne wy de fergunning net ferliene. De wente op dit perseel bestie lykwols al op it moment fan it foar de earste kear op besjen lizzen fan it bestimmingsplan, sadat de oergongsbepalingen fan tapassing binne.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1985 | | pagina 43