- 4 - Dizze wente sil meikoarten ôfbrutsen wurde. Op grûn fan it jildende bestimmingsplan is der gjin inkeld beswier tsjin de oanlis fan it parkearterrein. It past alhiel yn de omskriu- wing fan de bestimming "bijzondere doeleinden" (artikel 6 fan de foarskriften fan it "Uitbreidingsplan in Hoofdzaak". Ek yn it nije bestimmingsplan foar it bûtengebiet fan foarhinne Utingeradiel past de oanlis fan dit parkearterrein. Oan it oan- belangjende foarskrift -kêst 16- hawwe Deputearre Steaten lykwols harren goedkarring ûnthâlden om't it tefolle ûnwissichheden betsjutte soe oangeande de ynrjochting en fierdere ûntjouwing fan it hotel by de Oude Schouw en de neistlizzende perselen. Rekken hâldend mei de jurisprudinsje op it mêd fan'e romtlike oardering kinne wy op grûn fan it boppesteande net meiwurkje sünder me ar De meiwurking kin no allinnich mar ferliend wurde troch it folgjen fan in "kêst-19-prosedure" yn ferbân mei kêst 46, lid 8, fan de Wet op'e Romtlike Oardering (oanlisfergunning) Foardat wy dizze prosedures ynsette kinne, moat jimme ried foar dizze perselen in tariedingsbeslút nimme neffens kêst 21 fan de Wet op'e Romtlike Oardering. Wy stelle jimme ried út te besluten te ferklearjen dat foar dizze perselen in bestimmingsplan(-wiziging) tarêd wurdt oerienkomstich it by de riedsstikken lizzende ûntwerp-beslút en merkte tekeningen. Boargemaster en wethâlders fan Boarnsterhim de siktaris, de boargemaster, P.H. Starreveld B.G. Holtrop.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1985 | | pagina 45