RP1
17 Otstel begrutting te wizigjen
foar útjefte reiskostenfergoeding
beukers yn de eardere gemeente
Raerderhim.
GEMEENTE BOARNSTERHIM
Oan de ried.
Grou, 6 septimber 1985.
Troch de ried fan de eardere gemeente Raerderhim is by beslút fan
5 oktober 1976 in oardering fêststeld, sadat it mooglik waard om
in gemeentlike bydrage yn de ferfierskosten foar beukers te jaan.
Dizze regeling is nei 1 jannewaris 1984 net wizige, om't der fan
útgien waard, dat mei de ynfiering fan de wet op it basisûnderwiis
de hiele ferfierskostenregeling op'e nij besjoen wurde moast.
Yn de begrutting fan 1985, is derom ek in útjefte foar ferfierskosten
rusd, dy't basearre wie op de periode jannewaris oant augustus
1985. Utgongspunt wie, dat de regeling nei 1 augustus ferfalle
soe. Fan dit stânpunt is doedestiids de ferfierskommisje fan Sibranda-
buorren - de ienigste skoalle der't gebrûk makke waard fan de regeling
- ek fan op de hichte steld. Om't de beukerûnderwiiswet gjin ferfiers-
kosten-fergoedings regeling kende lyk as de leger ûnderwiiswet
is de gemeentlike regeling doedestiids yn it libben roppen. Mei
de ynfiering fan de WBU soe dit ûnderskied komme te ferfallen.
Kêst 45 fan de wet op it basisûnderwiissa't oant no ta bekind
wie, gyng der fan út dat
- boargemaster en wethâlders foar in part of folslein in fergoeding
takenne oan âlders fan learlingen foar skoalbesyk foar de needsaak-
like ferfierskosten
- de bydrage mei-ôfhinklik is fan de finansjele draachkrêft fan
de âlders
- wannear't de gemeenteried beslút it ferfier te fersoargjen tsjin
in fan de finansjele draachkrêft fan de âlders ôfhinkelike bydrage,
dan wurdt der gjin ferfierskostenfergoeding jûn
- Provinsiale Steaten stelle neiere regels oangeande de útfiering
"fan it foargeande
- berop mooglik is by Deputearre Steaten.
No is yn it ramt fan de desintralisaasje-gedachte in wetsûntwerp
yntsjinne by de Steaten Generaal om de ferfierskosten-regeling
ta in folslein gemeentlike saak te meitsjen. De gemeenten krije dan
fia it gemeentefûns in útkearring foar de fergoeding fan de ferfiers
kosten. Yn grutte linen sil der lykwols net folie feroarje foar
de âlders fan skoalgeande bern. Om dit seker te stellen sille der
yn WBU dan ek in tal regels opnommen wurde, der't de gemeente by
syn belied rekken mei hâlde moat; sa as draachkrêftbegjinsel en
frijheid fan ûnderwiis. De gemeente moat in oardering meitsje,
dêr't de oanspraken op in ferfierskosten-fergoeding yn fêstlein
binne. Mooglike konflikten tusken âlders en gemeente kinne útfjochte
wurde foar de AROB-rjochterDe gemeente kin dus binnen de wetlike
regels in hiel eigen ferfierskosten-fergoedingsbeleid folgje. De
útkearings fan it Ryk sille fia it gemeentefûns rinne en sille yn
elts gefal net minder wêze as ûnder de regeling sa' t cjy'tap dit stuit
jildè.