w
fî!®j
19. Utstel fan nammejouwing oan'e
iepenbiere basisskoalle yn Raard.
GEMEENTE BOARNSTERHIM
Oan de gemeenteried.
Grou, 6 septimber 1985.
Yn in oan ús kolleezje rjochte en foar jimme by de riedsstikken
op besjen lizzend skriuwen, fersiket de meikediezingsrie en de
âlderrie fan de eardere beuker en legere skoalle yn Raard de sûnt
1 augustus 1985 besteande iepenbiere basisskoalle yn Raard 't
Raerder Hiem" te neamen.
Sa't jimme witte is de neutraal bisûndere beukerskoalle mei yngong
fan it skoaljier 1985/1986 opdoekt. De iepenbiere legere skoalle
oan'e Sélânswei yn Raard is koartlyn ferboud en útwreide, sadat
dizze no as folweardige iepenbiere basisskoalle funksjonearje kin.
De bern fan de eardere beukerskoalle ha no ek ûnderdak fûn yn dizze
basisskoalle.
De namme "'t Raerder Hiem wurdt as folget motivearre. It "hiem"
is it plak, dêr't de bern harren thús fiele. De âlde gemeentenamme
"Raerderhim" bliuwt op dizze wize fuortbestean.
Wy kinne ús mei dizze namme -yn'e âlde stavering dus- wol ferienigje.
Oant no ta hie dizze skoalle gjin namme.
Wy stellen jimme út om oan'e iepenbiere basisskoalle yn Raard de
namme fan "'t Raerder Hiem" te jaan en dêrta in beslút te nimmen,
wêrfan it ûntwerp by de riedsstikken op besjen leit.
Boargemaster en wethâlders fan Boarnsterhim,
de siktaris, de boargemaster,
P.H. Starreveld. B.G. Holtrop.