- 4 - 29. Voorstel tot het beschikbaar stellen van een krediet voor het maken van nieuwe steigers voor passanten in de Pikmar te Grouw. De hear Bouma seit dat der al ferskate jierren praat is oer in ferskowing yn lisplakken fan fêste plakken nei passante-plakken. Yn 1981 is dêroer ek in rapport fan it CIMK ferskynd. Yn jannewaris fan dit jier hat it kolleezje in plan hjiroer makke. Yn febrewaris is dat yn de ôfdieling bepraat. Ek it fer- dwinen fan de fêste lisplakken kaam dêryn oan de oarder. Alle partijen hawwe dat passearje litten. Allinnich troch de P.v.d.A. is noch freege nei de rjochten fan de hierders fan de fêste lisplakken. Yn juny komt dit plan wer oan de oarder om't der in subsydzjepot fün is. It plan sil dan wat lytser en yn ien kear útfierd wurde» wylst it earste plan yn trije fasen ferdield wie. Der moast rap hannele wurde en der is op dat stuit net goed ynskatten wat dit foar de hjoeddeistige hierders betsjutte soe. De prose- duere dy't folge is, wie net gelokkich, mar sprekker bliuwt oertsjoege fan de goede bedoelings fan alle belutsenen. Ek de flaters dy't troch de groep hierders makke binne, sille rjocht setten wurde. De aksje mei it spandoek wie in ienmansaksje dêr't de groep him fierders fan distansjearret. De P.v.d.A. hat him yn de ôfdielingsgearkomste wol posityf útlitten oer it plan, mar dêrby ek easke dat foar dizze riedsgearkomste goede alter- nativen foar de fêste lisplakken komme soene, ynstee fan alle hierders efter de brêge. Soene der gjin goede alternativen wêze, dan soe der in nije situaasje Qntstean dy't op'e nij besjoen wurde moatte soe. Dit belied is al yn Idaarderadiel opset: üt- wreiding fan de passanteplakken en in kwalitative ferbettering fan de foarsjennings De beide T-stegers binne ferrotte en dat hat mei it gebrûk neat út te stean. Yn dit plan sil dat yn ien kear ferholpen wurde. De lisplakken oan de mar binne net ideaal fanwege de golfslach en it sügjen fan de boaten yn it kanaal. Hoe tinkt it kolleezje dêr yn te foarsjen? Der moat wol wat dien wurde om de kwaliteit fan dy lisplakken te ferbetterjen. In oar punt is dat hoewol't de gemeente mar in bytsje ynfloed hat, men dochs besiket mei te wurkjen oan de bestriding fan wurkleazens. Njonken it oanlûken fan yndustrieën moat der ek soarch bestege wurde oan it opheinen fan de rekreant om't in grut part fan de befolking syn brea fertsjinnet yn de rekreative sfear Nei útfiering fan dit plan bestiet de mooglikheid om oer in brede steger by de mar lâns te rinnen. De kontainers foar de smoargens binne yn dit plan sadanich ferwurke dat dy minder steurend binne as yn de hjoeddeistige situaasje. Der is foar dit plan in subsydzje te krijen fan 350.000,en sa kriget men de kans om dêrmei in âlde winsk te realisjearjen. It grutste neidiel fan dit plan is dat de hierders fan de fêste lisplakken der wei moatte. Hja soene efter de brêge moatte, wêrfan de iepeningstiden dan útwreide wurde soene. Lykwols bliuwt sprekker fan betinken dat in plak efter de brêge gjin reëel alternatyf is. Ut de neikommen ynformaasje fan it kolleezje docht bliken dat der 18 plakken oan de mar behâlden wurde kinne en dat moat altyd wêze. Foar de hierpriis moat dan wol de m2 -priis oanhâlden wurde en net de kostpriis.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1985 | | pagina 8