- 20 - 22. Voorstel inzake het subsidie- en tarievenbeleid inzake gymna stieklokalen en sportaccommodaties. Mefrou A. Zijlstra seit dat it foar de sportried in hiele poepetoer west hat om de tariven op in rychje te krijen. Yn de trije âlde gemeenten wiene alle tariven en subsydzjes oars.Har fraksje kin him lykwols yn grutte linen wol fine yn it útstel dat der út kaam is. Der binne noch al wat fragen. Is it al bekend om hoef olie jongereinoeren it gean sil? Alle ferienings mei jeugdleden kinne subsydzje oanfreegje, mar sprekster freget har of oft eltse feriening dêr ek gebrûk fan meitsje sil. It liket har dêrom goed dat der nei krapoan in jier besjoen wurdt hokker ferienings gebrük makke hawwe fan it subsydzje en hoet it dêr dan mei giet. As bliken docht dat der noch jild oer is soe it mooglik wêze moatte om dat noch yn de knyppunten te stekken. It jild dat foar de sport ornearre is moat dêr ek brûkt wurde. Fierder giet de hier foar it kuorbalfjild yn Grou in kear oer de kop, wylst de tastân fan it fjild tige min is. Sprekster freget oft it kolleezje dêr ek wat oan dwaan kin. De hear Van der Baan hat respekt foar it wurk dat hjir oan dien is. It hat in bealch fol wurk west om dit sa op in rychje te krijen. Hy hie fierder de selde fraach as frou Zijlstra, om nei in jier te bes jen wêr't de knyppunten sitte en dêr dan by te springen. It liket him net goed dat ferienings troch de hegere tariven yn de pine komme. Mevrouw Aukes zegt dat haar fractie zich in grote lijnen in het voorstel kan vinden. Ten aanzien van het korfbalveld in Grouw vraagt zij zich ook af of de huur voor dit veld, gezien de slechte staat, wel verdubbeld moet worden. Hoe staat het met het gemaal dat in de sloot rond dit veld geplaatst zou worden? Juist met zo'n extreem natte zomer had dat een beetje een gunstige invloed kunnen hebben op de waterstand. Verder vraagt spreekster of er naar de verenigingen toe nog wat duidelijkheid gegeven kan worden over de subsidie-aanvragen. Met name bij een aantal kleine gym nastiekverenigingen bestaat hier nog onduidelijkheid over, mede in verband met hun eigen financiële situatie. Wethâlder Van Gorkum seit dat de hier fan it kuorbalfjild yn Grou efterôf yn rekken brocht wurde sil. Alle wedstriden dy't fanwege de situaasje fan it fjild ôfsein wurde, sille net yn rekken brocht wurde. Op dy wize wurdt de priisferheging wat opfongen. De pomp dêr't mefrou Aukes nei frege, sil dizze moanne noch pleatst wurde. De fraach om oer in jier de útwurking fan de subsydzjes nochris te besjen, sil oan de sportried foarlein wurde. Net allinnich de ried, mar ek it kolleezje fynt dat in wichtige saak en sprekker tinkt dat de sportried seis ek wol witte wol hoe't de saak der dan hinne leit. De hear Bethlehem fynt it in goede saak dat oan de sportried de fraach foarlein wurdt om oan de ein fan it jier de jildlike situaasje nochris besjoen wurdt. It liket him dochs wol better om no fêst te lizzen dat benammen de lytse gymnastykferienings harrenTgjin soargen hoege te meitsjen oer it subsydzje.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1985 | | pagina 24