- 5 - Ek is dat útstel yn de ôfdieling oan de oarder west. Ut it petear dêr die bliken dat men it yn grutte linen wol mei de sjenswize fan it kolleezje iens wêze koe en sadwaande is dat útstel ek yn de ried kaam. It fernuvere sprekker dan ek tige dat de hear Bouma mei in folslein oar útstel kommen is. It kolleezje hat doe it eigen útstel werom nommen. Yn neier beried hat it kol leezje sein dat it op grûn fan alle ynspraak dyt der west hat net mooglik wie om no ynienen mei in hiel oar útstel te kommen en dêrom like it harren better om foarearst de situaasje mar te hâlden sa't dy no is. De hear Bouma freget yn syn útstel om in parkearfergunning foar elts hüs. Sprekker tinkt dat it better is om in soepel belied ta te passen. Oars soe de situaasje ûntstean kinne, dat guon minsken yn oerlis mei de buorlju mear fergunnings hawwe en dat der oaren binne dyt gjin fergunning hawwe Oan de snelheid fan de auto's yn de buert moat wat dien wurde en dêrom fielt it kolleezje wol foar it ynstellen fan in 30 km-sône. Oer it idee foar de Paviljoenstrjitte wol sprekker earst wat neiere ynformaasje hawwe, ear't hy dêr in andert op jaan kin. De voorzitter zegt dat er in de wijk Oosterveld 260 woningen zijn. Momenteel is er parkeergelegenheid voor 150 auto's en als het idee om parkeren in de Paviljoenstraat te verbieden door gevoerd wordt, voor 100 auto's. Bij het door de heer Bouma voorgestelde parkeervergunningen- stelsel zullen er veel meer verkeersbewegingen in de buurt gaan plaats vinden dan nu het geval is. Verder is uit een onderzoek van het S.W.O.V. (Stichting Weten schappelijk Onderzoek Verkeersaangelegenheden) gebleken dat zichthindernissen voor kinderen uitermate gevaarlijk kunnen zijn. Het kunnen parkeren van een groot aantal auto's zal dan ook volgens spreker afbreuk doen aan het nagestreefde woongenot en het kunnen spelen van kinderen. Dat moet ook in de over wegingen worden meegenomen. Verder is de controleerbaarheid ook een vraagpunt. Men krijgt de parkeervergunning pas bij het huis waar geparkeerd wordt. De hear Bouma seit dat de ûndersyksresultatenit kontrolearber wezen fan de fergunningen en it tal parkearplakken sa't de foar- sitter dat nei foaren bringt teory is, wylst hysels al twa jier de praktyk fan de buert meimakke hat. De útwurking fan it boerd "ferbean foar auto's" mei dêrûnder it buordsje "útsein fergun- ninghâlders" is posityf. It grutste part fan de auto's dy't troch de buert ride, dy gean dat paad dat derfoar bedoeld is. Troch de helte fan de buertbewenners wurdt dizze situaasje as negatyf ûnderfûn om't men gjin besite mei in auto by hüs krije kin. De besite moat altyd in ein kuierje en dêrom komt ek it útstel om per adres in fergunning te jaan. Wat it kontrolearjen oanbelanget seit sprekker dat it no jildende systeem ek net te kontrolear jen is. De suggestje fan de hear Van der Baan om it te feroarjen yn bestimmingsferkear liket sprekker net goed ta om't dan eltsenien wer troch de wyk riden giet, om't eltsen- ien bestimmingsferkear is. De hjoeddeistige situaasje funksjonearret goed en de toeristen dy't simmerdeis foar de parkearproblemen soargje binne net op'e hichte fan it mooglike hûs-oan-hûsparkearfergunningssysteem.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1985 | | pagina 9