-2- Motivaasje: troch it gebrûk fan ingelske learboekenmateriaalwurdt minder gebrûk makke fan nederlânske learboeken, dus minder slitaazje, sadat de nederlânske learboeken langer mei geane. By de stikken leit in list fan alle iepenbiere skoallen yn ús gemeente mei dêrop oanjun de ryksfergoeding foar eltse skoalle, dêr't de gemeente nei alle gedachten oanspraak op meitsje kin. It giet noch om foarriedige bedragen (priispeil 1983 en it ferwachte tal learlingen en forsmaasjeplakken) Dochs jout dat oersicht nei ús betinken, in aardige yndikaasje fan de finansjele bestegings-noarm foar it fak ingelsk (earste ynrjochting) Wy stelle jimme dan ek út om in kredyt beskikber te stellen fan op syn meast 19.002,de b.t.w. dêryn beflapt, foar de earste ynrjochting fan it fak ingelsk oan alle 12 iepenbiere basisskoallen yn de gemeente Boarnsterhim. Boargemaster en wethâlders fan Boarnsterhim, de siktaris, de boargemaster, P.H. Starreveld. B.G. Holtrop.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 96