- 7 - te sprieden troch de projekten te ferkaveljen. Dat hâldt yn dat fuort nei oankeap winst- en ferlies oanjûn wurde moatte en net sa't by it plan 'De Boeijer' bart, nei jierren in einresultaat bekend meitsje. De ried hat dan ek in better oersjoch oer hoe11 de situaasje der op alle mominten hinne leit. De hear De Wolf seit dat it hjir giet om it sykjen fan dekking foar de ferliezen fan it grünbedriuw. It giet net om sanearring. Troch dizze notysje komt de ried der efter hoe't it lân der hinne leit en dat leit der mâl hinne. Lykwols is syn fraksje fan betinken dat it goed is om yn ien kear de saak rjocht te lûken en mei in skjin laai wer te begjinnen, hoewolt der dan wol jierliks noch in ekstra lést fan 600.000,= op sit. A] le oare punten hjiroer sille neffens sprekker by de begrutting en it fêststellen fan it algemien belied oan de oarder komme moatte. It is in goede saak dat dit no sa op in rychje set is, en it ienige spitige is dan miskien dat dat net earder bard is, mar der wol sprekker gjin ferwyt fan meitsje. De hear Stallinga seit dat dit ek yn de ôfdieling oan de oarder west hat. It ferrekkenjen fan ferlies en winst moat fuort dien wurde, sadat dizze problemen net wer ûntstean. No't der aanst ek noch in kompjûter komt hopet sprekker dat it alhiel goed komme silMiskien kin foar de wentebou yn de doarpen it systeem fan Tytsjerksteradiel tapast wurde. Yn de doarpen wurdt in enkête hâlden oer it ferlet fan wenten sadat it ferlet bekend is. Op dy wize kin foarkaam wurde dat der by de doarpen grutte hoeken grûn oankocht wurde dyt net brûkt wurde De hear Damsma seit dat de hear Van der Baan yn syn opmerkings net it terrein fan De Hemmen yn Akkrum bedoelde, mar it yndustryterrein by Akkrum. Sprekker hat seis op dat terrein west en it griisde him oan hoe't dat der by lei. It like wol in moannelânskipDe suggestie fan de hear Van der Baan om dit terrein foar rekreaasje te bruken, is sa raar noch net iens. Hy sjocht dêr noch gjin yndustry kommen. Yn de be grutting is ek noch opnommen dat dêr loswâlen oanlein wurde sille. It liket him ta dat de gemeente dan net goed dwaande is. Fierder is sprekker fan betinken dat de yndustryterreinen ek ris besjoen wurde moatte. Yn in protte doarpen leit in lyts hoekje. Dat moat op in rychje set wurde en dan moat der besjoen wurde wat men dêr mei wol. Wethâlder Breeuwsma seit dat it hjir giet om in saak dy't frij djip yngrypt yn it gemeentlik budzjet. Yn de tiid dat it noch goed gie mei de ekonomy hawwe sawat alle gemeenten ek mei profitearje wollen en grûn oankocht om safolle mooglik huzebou mooglik te meitsjen. Yn de jierren dêrnei hat wol bliken dien dat der swierrichheden ûntstiene run de grutte ûnferkochte hoeken grün. It wie wol dreech mar dochs hat it goed west om no ris de balans op te meitsjen sadat men krekt wit hoe't it der foar stiet. Mei de lést dy't der dan oerbliuwt kin men rekken hâlde en fan dêrút fierder wurkje. It is fan seis tige oantreklikom de grûnen dy't it meast kostje it gaust fol te bouwen en alle oare bouplannen earst oan de kant te lizzen. Op dy wize wurdt it ferlies yn in koart tal jierren weiwurke. Lykwols is der yn de ôfdieling sein dat it better is om oan it troch de ried fêststelde doarpenplan fêst te hâlden. It kolleezje is wol dwaande om safolle mooglik ekstra kontingenten yn de preemjesfear binnen te krijen sadat it plan De Baai yn twa jier fol boud wurde kin. Dêrnei sil besocht wurde om op deselde wize De Hemmen yn sa'n fiif jier fol te krijen. Dat moat mei ekstra kontingenten dien wurde, sadat it tal wenten dat gewoan tawiisd wurdt, brukt wurde kin om it opstelde doarpenplan út te fieren. It giet hjir yndied net om sanearring, mar om dekking fan de ferliezen. Dit is ek net yn in koarte tiid ûntstien, en sa't de hear Van der Baan sei dat der al 20 jier tsjin warskôge is, hat sa't it skynt, net folie

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 11