GEMEENTE BOARNSTERHIM 15. Utstel om nochris in beslút te nim- men oer de oanlis fan kearlussen op de BÛtlânswei en de Harstawei. Oan de gemeenteried. Grou, 7 maart 1986. It beslút fan de gemeenteried fan 18 juny 1985, nûmmer 13, om yn de Bûtlânswei en de Harstawei twa kearlussen oan te bringen, hat hiel wat réaksjes oproppen. Earst wie der in AROB-beswierskrift fan de middenstan yn Jirnsum en in rapport fan it K.N.O.V. mei in grut tal arguminten tsjin de kearlussen. It beswierskrift waard troch de ried net ûntfanklik ferklearre en it rapport foar kundskip oannaam. Dêrnei waard de kêst 19 proseduere fan de Wet op de Romtlike Oardering folge (de kearlussen koene op grûn fan it jildende bestimmingsplan net oanlein wurde) en kaam in stream fan beswierskriften op it gemeente- hûs binnen. De beswierskriften lizze by de riedsstikken, sadat jimme se ynsjen kinne. Der binne in soad "standerf'-beswierskriften by, mar it ferset, benammen yn rûnten fan de winkellju yn Jirnsum, Akkrum en Grou, is grut te neamen. Yntusken hawwe wy ek nochris op'e nij neigien, wat dit eksperimint de mienskip kostje soe. Wy sette de finansjele opset fan juny 1985 en dy fan no njonken elkoar. juny 1985 maart 1986 Ynvestearing 280.000, Subsydzje ryk (B.R.E.V.) 150.000, 280000 150.000,— Bliuwt oer 130.000, Subsydzje provinsje (W.U.W.) (50%) 65.000, 130.000,— Bliuwt oer 65.000, Subsydzje Reg. Orgaan Ferkearsfeiligens 35.000, 35.000,— Bydrage gemeente 30.000, 95.000,— Subsydzje provinsje (W.U.W. 47500 (50%) Bydrage gemeente 47.500, mûnling tasein, noch gjin beskikking ûntfongen. Dit ferskil tusken juny 1985 en maart 1986 is dúdlik. It gefolch is in legere gemeentlike bydrage as yn earste ynstânsje op rekkene wie.jmdêr't op dit stuit noch gjin dekking foar is.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 48