- 2 - Ien en oar, de beswierskriften as uting fan maatskiplike wjerstân tsjin de kearlussen en de finansjele aspekten, hawwe wy nochris op'e nij ôfwage tsjin it doel dat mei de kearlussen berikt wurde moat, minder ferkear oer de BQtlânswei en de Harstawei en dus in feiliger sitewaas je op dy diken. Ut dy neiere ôfwaging is nei foaren kaam, dat de mearderheid fan ús kolleezje it riedsbeslút fan 18 juny ynlûke wol en dus fan de kearlussen ôfsjocht. De minderheid, besteande út wethâlder R.C. Poppen, wol dat net en hâldt dus fêst oan de oanlis fan kearlus sen. HjirQnder jouwe wy in neiere beskriuwing fan de stânpunten. De mearderheid. De mearderheid is fan betinken, dat de ried fan it eksperimint mei de kearlussen ôfsjen moat om't it maatskiplik draachflak derfoar net grut genôch is. De wjerstân tsjin it beslút is grut. Op himsels is dat net slim as de maatregel dan ek mar fertuten docht, mar just oan it effekt fan de kearlussen wordt twifele. Derby komt noch de ferheging fan de foar rekkening fan de gemeente bliuwende kosten. It jild -en dat jildt ek foar de subsydzjes- kin better bestege wurde oan (noch neier út te wurkjen) alternativen. De minderheid. De minderheid is fan betinken, dat it beslút yn stân bliuwe moat. Fan de kearlussen wurdt wis wol effekt ferwachte. Fierders is it sa, dat alle alternativen noch folie mar kostje as de kearlussen en dêrtroch finansjeel net te hel jen binne. As der dus neat dien wurdt, dan binne de gefolgen, dat de ferkearsQnfeiligens bliuwt en de ûnderhâldstastân fan de dyk (troch it frachtferkearnoch fierder achterút giet. Utstel Wy soene graach sjen, dat de ried him hjir nochris oer beriedt en oer de kearlussen no in definityf beslút nimt. Boargemaster en wethâlders fan Boarnsterhim, de siktaris, de boargemaster, P.H. Starreveld. B.G. Holtrop.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 49