- 7 - in bepaald bedrach oan kosten, dy falie heger út. Fierders wie der in fersyk oan D.S. oer it ôfsluten fan in stik dyk foar motorisearre ferkear. Sprekker freget oft dat fersyk posityf honorearre is. De technyske út- fiering fan de kearlus moast sadanich wurde dat elts wol oer dy dyk komme koe, mar it moast in psychologyske drompel wurde. It docht no bliken dat de technyske útfiering sadanich is dat inkelde ferfiermiddels benammen mei oanhing, dit obstakel net nimme kinne. Dat hâldt yn dat de ferwachtings sa't dy steld wiene, net allegear útkomme. Hy is it dêrom mei de mearderheid fan it kolleezje iens dat der mei dit eksperimint net fierder gien wurde moat, mar dat der sa gau mooglik socht wurde moat om oare reële alternativen. De situaasje op beide diken is sadanich dat der perfoarst wat barre moat. Mefrou A. Zijlstra slút har oan by de miening fan de minderheid. De mearderheid seit dat dit eksperimint de mienskip jild kostje soe. Der soe no 17.500,= by moatte. It giet om in eksperimint en dêr jout it ministearje allinnich mar subsyzje foar. Alle oare oplossings kostje ek jild en de fraach is hoe heech wurde dan de kosten. Der moat wat barre foar de feiligens fan de gebrûkers: de boer en de fytser. It ünder- hâld fan de dyk kostet 150.000, De oanlis fan in fytspaad soe op syn minst 3 miljoen kostje moatte. De provinsje hat dat paad net op de prioriteitenlist te stean sadat de gemente dat seis betelje moatte soe. By dy oplossing bliuwe de boeren wol op de dyk, foarby raasd troch it frachtferkear dat foar harren tiidferlies en eangstme betsjut. Poppenwier is ek in knyppunt. Op it plak dêr't de bern fjouwer kear deis de dyk oer moatte is it op de tiden fan oerstekken krekt mei snelfer- kear op it drokst. Der is al jierren troch de âlden oantrune op in ferkears tunnel of soksawat. De kosten dêrfan binne rûsd op minimaal in ton. De mearderheid is fan betinken dat oanlis fan de kearlussen net genôch fertuten dwaan sil. Sprekster is fan betinken dat it wol helpe sil. Frachtferkear sil de rykswei nimme, om't it omriden mar twa tri je menuten kostet. Hja wol der de klam op lizze dat it om in eksperimint giet, nei in jier kin it besjoen wurde en as it nedich is oanpast wurde. De mearderheid stelt dat it jild fan de mienskip better bestege wurde kin, mooglik oan nije alternativen. Hja freget har of hokker alternativen dat binne. Der wurdt dêrmei foarby gien oan de foarskiednisDer wurdt al tsien jier praat oer dizze ferkearssituaasjesDer binne al allerhande mooglikheden oandroegen dy't of te djoer, of net útfierber, of net kontro- learber wiene. Hokker alternativen binne der dan noch oer dy't de mienskip it selde bedrach of minder kostje sille? Alle wurk dat dêr wer oan dien wurde moat en de te organisearjen harksitten kostje allegear wer jild. Wat de beswierskriften oanbelanget wurdt der gebrük makke fan in standert- brief. Fierder komme guon nammen mear as ien en twa kear foar by de beswierskriften. Seis immen út België hat in beswierskrift skreaun.Hoe faak makket dy dan gebrük fan dizze dyk? In pear beswierskriften kin sprekster wol ünderskriuweDe boer dyt de kearlus te ticht by syn reed kriget bglmar it ferpleatsen fan dy lus is net sa'n poepetoer. Alle oaren kinne wol gebrük meitsje fan it alternatyf dêr't men tweintich jier ferlyn ek gebrük fan meitsje moast. Sprekster bliuwt der by dat as dit net útfierd wurdt, der neat barre sil om't alles te djoer útfalt. De dyk bliuwt dan libbensgefaarlik foar fytsers en boeren en wurdt ünbe- telber troch de ûnderhâldskosten. De heer De Wolf zegt dat zijn fractie van mening is dat er iets aan de weg gedaan moet worden. Er wordt te hard gereden en de weg wordt stukgereden door teveel zwaar vrachtverkeer. De mogelijkheden die de gemeente heeft zijn erg beperkt, enerzijds door de financiën, anderzijds door de wegenverkeerswet. Het voorliggende plan had niet de instemming van zijn fractie, omdat het slecht was voor het milieu, de economie, de werkgelegenheid en het isoleerde de dorpen ten opzichte van elkaar.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 10