19. Utstel eigendomsoerdracht hüsfes- tingsfoarsjennings oan bysûndere basisskoalbestjoeren fan Aldeboarn, Jirnsum en Warten. GEMEENTE BOARNSTERHIM Oan de ried. Grou, 4 april 1986. Yn jim gearkomste fan 17 april 1984 is meiwurking ferliend oan de feriening foar "Protestant Christelijk Basisonderwijs" yn Aldeboarn foar de bou fan in 4-klassige bysundere basisskoalle. Dêrta is it eardere bysûndere beukerskoalgebou oanpast en útwreide. Sûnt begjin jannewaris fan dit jier is de skoalle yn gebrûk. De eigendom fan it gebou moat lykwols noch oerdroegen wurde. Nei't de Wet op it BasisQnderwiis op 1 augustus 1985 fan krêft wurden is, wie it beukerskoalgebou net mear nedich foar dat ûnderwiis. Op grûn fan kêst E 39/E 40 fan de Oergongswet Wet op it BasisQnderwiis ferfalle skoalgebouwen fan bysundere skoalbestjoeren dy't gjin basisskoalle beheare nei 1 augustus 1985 oan de gemeente. Wannear't de skoalle teminsten mei mienskips j ild boud is. Dat is it gefal, sadat it eardere bysûndere beukerskoalgebou eigendom wurden is fan de gemeente. Op grûn fan kêst 76 fan de Wet op it Basisunderwiis kin de gemeente de eigendom oerdrage oan it foechhawwend gesach fan de bysûndere basisskoalle It wurd "kin" wurdt hjir útdruklik brûkt, omt boargemaster en wethâl- ders mei it foechhawwend gesach in oare konstruksje oerienkomme kinne Wy binne lykwols fan betinken, dat yn dit gefal it gebou yn eigendom oerdroegen wurde moat oan it bysûndere skoalbestjoer fan Aldeboarn. Fierders is yn jim gearkomste fan 21 augustus 1984 de meiwurking ferliend oan de stifting "Katholiek Onderwijs St. Radboud" yn Jirnsum foar de húsfesting fan de bysûndere basisskoalle fan Jirnsum. Troch it ministearje fan Underwiis en Wittenskippen is by beskikking fan 5 febrewaris 1985 tastimming ferliend om dêrta it eardere iepen- biere beukerskoalgebou sadanich te ferbouwen en út te wreidzjen, dat it gebou geskikt is foar húsfesting fan de bysûndere basisskoalle. Ek wat dit gebou oanbelanget, binne wy fan betinken, dat de eigendom oerdroegen wurde moat oan de stifting "Katholiek Onderwijs St. Radboud" yn Jirnsum. As léste noch de húsfesting fan de bysundere basisskoalle fan Warten. Yn jim gearkomste fan 20 maart 1984 is meiwurking ferliend oan de feriening foar "Protestant Christelijk Basisonderwijs" fan Warten, foar de húsfesting fan de bysûndere skoalle yn ien gebou. Troch it Ministearje fan Underwiis en Wittenskippen is by beskikking fan 1 maaie 1985 tastimming ferliend om it eardere neutraal bysûndere beukerskoalgebou yn gebrûk te nimmen foar it basisunderwiis.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 48