GEMEENTE BOARNSTERHIM 20. Utstel om in ekstra kredyt beskik- ber te stellen foar de oanfoljende ynrjochting fan de mienskipsromte fan de bysûndere basisskoalle yn Warten. Oan de ried. Grou, 4 april 1986. By jimme beslút fan 20 maart 1984, nûmer 28, ha jimme it bestjoer fan'e feriening foar Protestant Kristlik Basisûnderwiis yn Warten meiwurking ferliend foar de húsfesting yn ien akkomodaasjedy't foldocht oan'e easken fan dizze tiid, benammen wat de boukundige en ûnderwiiskundige ynrjochting oanbelanget. Dêrby is de kar yn oerlis mei it ministearje fan ûnderwiis en wittenskippen fallen op it gebou, dêr't earder de bysûnder neutrale beukerskoalle yn Warten yn ûnderbrocht wie. By syn beskikking fan 1 maaie 1985, nûmer BO/KL/MZP-695671.E hat de steatssiktaris fan ûnderwiis en wittenskippen op grûn fan kêst E 42 fan'e Oergongswet op it Basisûnderwiis tastimming jün om dat gebou foar de húsfesting fan'e bysûndere basisskoalle yn Wartena yn gebrûk te nimmen, sadreet dat gebou frij komt. Dêrnjonken hat de steatssiktaris tastimming jün foar in tal oanpassings fan dat skoalgebou. De kosten fan ien en oar binne troch de steatssiktaris oanfurdige ta in bedrach fan 350.000, Yn oansluting op dy beskikking ha jimme yn jimme gearkomste fan 15 oktober 1985 foar de boukundige foarsjennings oan it eardere beukerskoallegebou de maksimale ryksfergoeding fan 350.000,as kredyt beskikber steld. Underwilens hat de steatssiktaris nei oanlieding fan in petear mei it skoalbest joer by syn beskikking fan 4 maart 1986, nûmer BO/H/B-727532 86003193 bepaald, dat de kosten foar in oanfoljende ynrjochting fan de mienskipsromte troch him oanfurdige wurde kinne ta in bedrach fan 23.000,— (priispeil 1985, b.t.w. ynbegrepen) Dy kosten sille oan'e gemeente fergoede wurde fia in jierlikse fergoeding oerienkomstich de (O).W.B.U. Wy achtsje it fan belang, dat jimme rie foar de oanfoljende ynrjoch ting fan it mienskipslokaal it maksimale ryksfergoedingsbedrach as kredyt beskikber stelt. Wy stelle jimme dan ek út in ekstra kredyt beskikber te stellen foar de oanfoljende ynrjochting fan de mienskipsromte fan de bysündere basisskoalle yn Warten en dêrta in beslút te nimmen, wêrfan it Ontwerp foar jimme by de riedsstikken op besjen leit. Boargemaster en wethâlders fan Boarnsterhim, de siktaris, de boargemaster, P.H. Starreveld. B.G. Holtrop. <p

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 50