- 6 - 13. Voorstel tot het beschikbaar stellen van een krediet voor het bouw- rijpmaken van een gedeelte van het industrieterrein te Akkruro. De hear Van der Baan freget oft der, sjoen de earste rigel fan it útstel ek wissichheid is oer de festiging fan bedriuwen. De hear De Wolf wol it noch sterker stelle. De ynfestearring oanhâlde oant wis is dat der ek bedriuwen komme.- De hear Bethlehem freget him of as it útstel fan de hear De Wolf folge wurdt oft it terrein dan noch wol op'e tiid bouryp makke wurde kin. Wethâlder Breeuwsma seit dat it kolleezje der ek al rekken mei hâlden hie dat it earst wis wêze moat dat der in bedriuw komt. Op dit stuit liket it der op dat der in gadingmakker is. As it kredyt beskikber is, dan kin der ek gau hannele wurde, oars moat der faaks te lang wachte wurde De hear De Wolf fynt it in goede saak dat it kolleezje in kredyt sa ynterpretearret dat it útjûn wurde mei, mar net hoecht. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten. 14. Voorstel om een krediet beschikbaar te stellen voor het bouwrijp maken van een deel van het bestemmingsplan Paulus Folkertsma Herne te Oldeboorn. Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel besloten. 15. Utstel om nochris in beslút te nimmen oer de oanlis fan kearlussen op de Bûtlânswei en de Harstawei. De voorzitter zegt dat de op de tafels neergelegde brieven van dorps belang Offingawier en van een aantal gezinnen uit Poppingawier bij dit voorstel betrokken kunnen worden. Verder moet in de één na laatste regel van de eerste pagina het woord 'legere' veranderd worden in 'hegere'. De hear Van der Baan seit dat syn fraksje it mearderheidsstânpunt om dit net troch gean te litten, stipet. Lykwols is hy fan betinken dat it net in goede saak is dat de ried besluten nimt op grün fan tasizzings dy't noch net rün binne. Ut dit utstel docht bliken dat it subsydzje fan it ryk noch net wis is. Neffens him hat dat de leste kear net yn it útstel stien. Fierder stelt hy út om der nei te stribjen dat der op den doer in fytspaad njonken de Bûtlânswei oanlein wurdt. De voorzitter vraagt hoe de heer Van der Baan zich de financiering daar van UöörstëïtDe waarde van zo'n voorstel neemt alleen maar toe als daarbij aangegeven kan worden waar de dekking gezocht moet worden. De hear Stallinga stipet it útstel fan de mearderheid. It liket him yndied better om op te hâlden as bliken docht dat it dochs net helle wurdt. Wol is hy fan betinken dat der wat oan de situaasje op dy dyk dien wurde moat. Der moat om alternativen socht wurde, mar dat moat op in hoedene wize, om't hjir stadichoan in stik publisiteit efterwei komt dêr't de gemeent gjin ferlet fan hat. De hear Bouma seit dat der in hoart ferlyn op grün fan de te ferwachtsjen effekten in posityf beslút nommen is oer de kearlussen. Yntusken binne dy te ferwachtsjen effekten feroare. Der it útgien fan

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 9