- 8 - verrichten. Het is ondoenlijk om hier concrete voorbeelden aan te halen, vanwege het gevaar iets of iemand te vergeten. Maar u zullen ongetwijfeld genoeg situaties in uw omgeving bekend zijn van goed en positief verlopend vrijwilligerswerk. Hiermee willen wij nog eens duidelijk stellen dat er, daar waar het zonder gemeentelijke bemoeienis gaat, nog heel wat mogelijk is. In die gevallen, waar wel gemeentelijke overheidsbemoeienis gewenst en vereist werd, willen wij het ambtelijk apparaat dank zeggen voor hun inzet. Met deze ontboezeming wil ik in eerste instantie deze algemene beschouwingen afsluiten, wetende dat er straks nog gelegenheid bestaat tot reageren op uw verdere voorstellen. Nogmaals, onze fractie heeft hiermee duidelijk willen maken, dat bij haar voorop staan: duidelijkheid, openheid en een constructieve samen werking om voor deze gemeente eruit te halen wat eruit te halen valt. En zo ook wil de V.V.D.-fractie de toekomst tegemoet, met daarbij een positieve en een optimistische instelling. De hear Stallinga seit dan it folgjende: 'Ek yn de nije foar ús lizzende perioade sille wy der nei stribje as fraksje alles sa goed mooglik te dwaan en der foar te soargjen dat ús gemeente mei harren ynwenners in gemeente is dêr't it goed is om yn te wenjen en dêr't oan de wearden fan it minske wezen en oan de soarch foar inoarren de heechste oandacht bestege wurdt Yn in maatskippij as dêr't wy yn wenje en dat jildt fansels ek foar dizze gemeente moat it stadichoan wol dúdlik wurde dat de steat net alles mear regel je kin en moat. Hjirtroch wurde de minsken wer mear op harren seis en op oaren oanwiisd. Dat léste is eat wat eartiids gewoan wie en de soarch foar inoar ek. Wy wolle hjir net pleitsje dat alles mar wer sa wurde moat sa't it eartiids wie, nee, dat perfoarst net. Wol is it goed dat de minsken inoarren wer sjogge en kennen leare as minsken dy't byelkoar hearre, mei elkoar libje yn goede en minder goede tiden, dêrtroch inoarren ek wer mear helpe sille as oan't no ta wenst wie, en dat ek mei nocht en wille dogge. Dit hâldt yn, alteast dat is mooglik, dat wy Os ferantwurdlikens wer op 'e nij ûntdekke en sjogge, ús ferantwurdlikens foar de oare mar ek foar de mienskip dêr't wy yn libje. Dizze mienskippen dêr't wy as minsken en yn grutter ferbân as húshâldings yn libje, binne ús doarpen. Om binnen ús gemeente de doarpen yn it ramt fan de mooglikheden sa goed mooglik funksjonearje te litten is it nedich dat wy witte wat der yn 'e doarpen libbet. Op himsels moat it net sa'n toer wêze om dêr efter te kommen, mar de praktyk hat ús dat Onderwilens oars leard. Hoenear't wy werom tinke oan de petearen dy't it kolleezje mei de ferskate doarpen hân hat kinne wy dêr net mei foldwaning op werom sjen, like min as wy dat dogge op 'e reaksjes dy't fan de kant fan de ferienings fan Pleatslik Belang kommen binne oer de Fryske nammejouwing fan de doarpen. In faker en better taret oerlis tusken Pleatslik Belang en de gemeente of yn grutter ferbân tusken de doarpen en de ried soe wis posityf en stimu- learjend wurkje. Ommers mei en oan de basis sille saken oan 'e oarder komme dy't alles mei it besteansrjocht fan de gemeente te krijen hawwe. Wy tinke hjir oan: bestimmingsplannenwentebou, ek foar de âldere minsken ûnder Os; doarpsfernijing; rioelering; iepenbiere ferljochting; skoallen; skoal- swimmen; musykûnderwiissport en rekreaasje; yndustry; miljeu; iepenbier ferfier en oan alle oare saken dy't mei in minskip te krijen hawwe dêr't yn libbe wurde kin en dy't seis ek libbet. It is net yn 't foarste plak oan 'e ried om út te meitsjen wat goed foar sa'n doarp is, wat sa'n mienskip it measte fan neden hat of wat earst barre moat. Nee Os tinkt dat dat folie mear in saak fan dy mienskip seis is. Yn 'e mande mei de ried moat it mooglik wêze in ôfwoegenplan foar elts doarp te meitsjen dat dan letter oer in bepaald tiidrek utfierd wurde moat. Wy binne der

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 11