- 9 - fan oertsjûge dat dat gedachten oer dat men op it fuottenein fan de gemeente leit en lizzen bliuwt en dochs alles mar nei de twa grutte doarpen giet, foarkómtv~ Foar de ried is it tinkt ús, ek fan grutte betsjutting. De ried komt dan in bytsje of fan it gefoel mei in hap- snap-belied dwaande te wezen. As wy dit goed útwurkje witte wy alle jierren krekt wat der yn de ferskate doarpen barre sil. As it wichtichste hjirfan sjogge wy it mei dragen fan ferantwurdlikens fan de ynwenners fan de doarpen foar harren doarpen en dat is eat wat eins folie wichtiger is as ien kear yn 'e fjouwer jier it útbringen fan in stim. Ek foar it bestjoer sil dit fan tige grut belang wêze. Men wit wat de winsken binne en wat der mei de beheinde middels barre kin. Bestjoer Faker as ien kear is it bard dat in bestjoer dat te folie saken tagelyk oanpakke woe of foar tefolle dingen tagelyk soargje woe, him ier of let seis tsjin kaam mei alle gefolgen dy't dat hawwe kin. Wy soene der dan ek foar pLeitsje wolle dat de gemeentlike oerheid him safolle mooglik mar mei syn eigen saken dwaande hâldt. No, twa jier nei de weryndieling blykt dúdlik dat we der noch lang net binne. Dit blykt Onder oaren út de kwestje fan de regio's. Wat de foarsitter hjir fan sein hat, as soe de ried wat dit oanbelanget en dus ek oare saken lichtfeardich in beslút nommen hawwe, fersmite wy fier. Jo kenne lyk as wy de eftergrûn fan dizze histoarje. Yn 't foarste plak moatte jo yn dit gefal sjen nei in provinsje dy't net út 'e rie komme kin en nei in gemeente dy't mient dat hja de baas wêze moat en dus op macht út is. De gefolgen fan dit hiele gedoch jouwe ús in bulte soarch mar ek de hjirby belutsen minsken en ynstânsjes. Dit gedoch sil wiswier net yn 'e boeken beskreaun wurde as foarbylden fan goed bestjoer, mar folie earder as foarbylden fan hoe 't it net moat, fan ûnsoarchfâldich bestjoer dus. Mar ek binnen it apparaat fan de gemeente seis bliuwt wat dit oanbelanget best noch wat te winskjen oer. It bart nammentlik te faak dat útstellen foar de ried falhiel of foar in part werom nommen wurde. Wy fine dit in tige minne saak. It jout de yndruk dat der te hastich wurke wurdt en dat eat noch gau efkes moat, allegear yndrukken dy't stridich binne mei in goed en soarchfâldich bestjoer. Wy binne bliid dat de kwestje fan it ûnderdak bringen fan ús amtlik apparaat no út 'e wei en regele is, lykwols útsein in lyts part fan de tsjinst gemeentewurken. Like bliid binne wy dat alles wat him rûnom it personiel ôfspile hat oan 'e kant is. Wy kinne ús likernôch alhiel goed yntinke dat in grut part fan ús amtners har bedrige field hawwe en miskien noch fiele. Wy pleitsje der foar dat yn dizze Qntjouwing hieltiten wer earst sjoen wurdt nei de minskeIt is net oan eltsenien jûn de feroarings goed op te fangen en te ferwurkjen. Net eltsenien sil in teloarstelling maklik ferwurkje kinne. Alles hat dochs te krijen mei in wurdearre stoel, dêr't de iene him better op thús fielt as de oare, dy't de iene ek better past as de oare en dêr't de iene him ek better op ferkeapet as de oare. Wy freegje bliuw ús minsken as minsken sjen en jou harren de mooglikheid fan harren stoel in sit te meitsjen. Yn dit ferbân - it is opt lést it haadstik bestjoer - wolle wy noch efkes werom komme op in koartlyn nommen riedsbeslút oer de brânwacht- garaazje te Raard. Wie it no wier sa'n grutte muoite efkes in lyts konsultatyf-referindum te halden Onder fjouwer fraksjefoarsitters? Wie dêrmei net te foarkommen dat de ried der neat fan wist? It is sa'n lytse muoite, it jout gjin argewaasje en it leveret gjin wrantelige antwurden en reaksjes op sa't dy no jûn binne en west hawwe. De regio. Lit ús hoopje dat de nije regio langer libje mei as de regio 'Schoter- werven'. Wy binne fan betinken dat wy fan de nije regio earst mar net mear êfnimme moatte as it minimale pakket oan foarsjenningsDe kat earst mar ris út 'e beam sjen en goed hifkje hoet it leit mei de kosten

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 12