- 10 - en wat wy der foar werom krije. Promoas.je gemeente. Mei itjinge dat dien wurdt om ús gemeente nei foaren te bringen yn ús doarpen, yn ús provinsje, yn ús lân en oer de grinzen fan ús lân binne wy it fan herte iens. Ien ding hawwe wy mist. Hoe promoate wy ússels, d.w.s. wy as ried, jimme as kolleezje en fierder ús amtners. Uteraard net mei struibriefkesposters of mei de t.v. Nee, hoe komme wy ús yn- wenners temjitte, de frjemden, ja, eltsenien dy't wy yn hokker posysje ek tsjin komme. Hawwe wy it der altiten goed foar dat wy der foar dy oaren binne en dat it tsjinstber wezen yn ús findel stiet en dat der neat op tsjin is dat wy noch in bytsje mear dogge? It liket ús goed ta dat wy der hieltiten oan tinke, en it by dat tinken net litte. Al dat oare is dan gjin probleem mear, dat folget dan fansels wol, alles ten goede fan harren dyt ferlet fan ús hawwe Iepenbiere oarder, feiligens en helpferliening. Underdielen fan in goed leefmiljeu binne sûnder mis de iepenbiere oarder, de feiligens en de helpferliening. Iepenbiere oarder hat alles te krijen mei de soarch dy't wy foar inoarren hawwe moatte. Dy soarch, it omgean mei inoar, komt kwestjes yn saken fan dines en mines foar, it foarkomt dat ús doarpen ûnfeilich wurde soene en it draacht der ta by dat wy inoar oansprekke op de soarch dy't wy foar inoar hawwe moatte. Foar de helpferliening yn it grut geane wy der fan út dat alle prikken yn it wurk set wurde om der sa gau mooglik mei starte te kinnen. Salang dat lykwols net yn kalk en semint is hoopje wy dat de kwestje fan de brânwacht mei gauwens regele wurdt. Yn de algemiene skôgings fan ferline jier hawwe wy tsjutten op it gefaar fan it ferfier fan gefaarlike stoffen sawol oer it wetter as oer de dyk. Wy hawwe doe fan ús soargen dêroer bliken dien en oantrune op in goed rampeplan en ienfâldige kodearring fan de stoffen dy't ferfierd wurde. Doedestiids is sein dat ien en oar yn it ferbân fan de regio besjoen wurde soe en dêrnei regele. Oant no ta hawwe wy der noch neat fan heard. Graach soene wy der mear fan hearre Underwiis Ien fan de pylders dêr't ús hiele bestel op stiet is it underwiis dat de minsken jûn wurdt. Yn dat ûnderwiis binne in pear punten dy't wy mei soarch yn 'e gaten hâlde. Dat binne it musykûnderwiis en it skoal- swimmen. It komt ús tige needsaaklik foar dizze ûnderdielen nochris goed nei te rinnen en troch te ljochtsjen. Yn it iene sit te folie musyk sûnder dat jo der genôch fan hearre, it oare hat te min mei swimmen te krijen as jo it oer wiete gimmestyk hawwe. It liket ús goed ta dat hjiroer net allinnich mei de masters en juffers praat wurdt mar ek mei de âlden en de bern. It muoit ús tige mar wy moatte it kwyt. Noch net sa lang ferlyn hawwe wy hearre en leze kinnen dat op it safolste partijkongres fan de grutste opposysjepartij yn ús lân besletten is dat de leste skoalle yn in mienskip ek al tinke de minsken der alhielendal oars as de foar harren oarstinkende lju fan dy partij, in iepenbiere skoalle wêze moat. Net foar te stellen, nea tocht en tige, tige spitich. Wy witte net wat wy hjir fan tinke moatte. Diskriminaasje? As it om etnyske minderheden gie hie dit perfoarst net bard. In nij soarte demokrasy, it moat hast wol, mei it âlde begryp hat it nei üs betinken neat te krijen. Wy binne net fan doel hjir fierder op yn te gean en te freegjen oft alle man fan dy partij der sa oer tinkt. Dochs binne wy bang dat dy útspraak de stipe fan alle leden fan dy partij hat. Want is 't net sa, wy hawwe noch neat fan protesten en moasjes heard, hoewol't wy witte dat dy partij wat dat oanbelanget net swak byspilet. As dit in teken is, dan hâlde wy ús hert fêst as dizze partij ienris de folsleine macht hawwe soe. Ekonomyske saken It docht ús tige goed heard te hawwen dat yn de hiele gemeente de ekono myske bedriuwichheid tanimt. Wy binne fan betinken dat itkrewearjen

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 13