- 11 - fan de gemeente der in bulte oan by droegen hat. Dochs moat it ús fan it hert dat nei ús betinken it der direkt by yn hel jen fan de leden fan jim kolleezje, dêrta machtige troch de ried, om seis as it nedich is besluten te nimmen, mooglik noch mear fertuten dien hawwe soe. It is no ienkear sa dat in bestjoerder yn bepaalde gefallen net te ferfangen is. Dat hat neat te krijen mei de minsken of de ynstânsjes, dy't oan't no ta dy saken behannelen. Alle wurdearring dêrfoar. Fierder binne wy fan betinken dat it ferlienen fan fergunnings en soksoarte saken sa noflik mooglik ôfdien wurde moat en yn sa koart mooglike tiid. De gemeente heart as in bedriuw te wurkjen, as in bedriuw dêr't grutte belangen foar op 't spul steane. Dat jildt nei de yndustry ta mar ek nei de re- kreaasje, de lytse en grutte middenstân, de horeka, de lânbou en fee- hâlderij, eins nei eltsenien ta dêr't de gemeente mei te krijen hat. De hoeke dêr't op dit stuit de klappen falie is de agraryske. Dy hoeke dy't fan grutte best jutting foar ús gemeente is, hat te krijen mei dongswierrichhedende superheffing, it molkekwotum, de prizen fan de grün ensfh. Lit ús it der goed foar hâlde dat hoenear't it mei de boerestân mis giet, it mei it hiele lân mis giet. Finâns.ies Gelokkich dat ta it sanearjen fan it grunbedriuw besletten is. Gelokkich, want njonken noch in tal swier op'e mage lizzende gefallen wie it dochs it grunbedriuw dat finansjeel alles unmooglik makke. Gelokkich hawwe wy no ynsjoch yn dizze saken krigen en witte wy wêr't wy oan ta binne. Neat is dreger om te bestriden as ûnwissens. Dat wy noch in tal jierren dizze operaasje fiele sille is wol dúdlik. Ek moat dúdlik wêze dat dat ús net lam slaan mei. No net, as wy noch in tal min rinnende saken yn it rjochte spoar bringe of hâlde moatte en straks net, as wy nije plannen foar de takomst meitsje. Wat it earste oanbelanget, moatte wy neigean op hokker gebieten besunige wurde moat, c.q. in oar, in effisjenter belied fierd wurde moat. Nei ús betinken hawwe wy te wurkjen as yn in húshâlding dêr't it net al te rom o omkomt of as yn in bedriuw dat, wol it op de merke bliuwe, sa effisjent en effektyf mooglik wurkje moat. Ek nei ús befolking ta hawwe wy sa te wurkjen. Op it lést is it dy befolking dy't betel je moat of der better fan wurdt. Eltse oare oanpak hat mei it wurk fan de gemeente neat te krijen en is boppedat in oanpak dy't de wierheid yn 'e besnijing hat. Saken dy't nei ús betinken neier besjoen wurde moatte, binne u.ê: de Twine, yn 'e mande mei de oare sporthallen; de reinigingstsjinstbgl. it opheljen mei containers; gemeentewurkenit lykwicht tusken de besetting by't simmer en by't winter; de gefolgen fan de automatisearring; Minsken sunder Wurk, hoe sit it no krekt; de iepenbiere ferljochting, Eindhoven docht it nachts mei de helte fan de stroom; ensfh. Wurkgelegenheid Yn it útstel om ta fêststelling te kommen fan de nota "deeltijdarbeid" die it ús tige goed yn de earste sin léze te kinnen "Het kernmotief van deeltijdarbeid is een eerlijker verdeling van de schaarse werkgelegen heid tot stand brengen". In útstel makke troch boargemaster en wethâlders, besteande út fjouwer persoanen, wêrfan twa fan de grutste partij en dan ek noch de foarsitter. Wy tochten no sil it heve, einlik hawwe hja ynsjoen dat der nochal ien en oar mis is mei it earlike ferpartsjen fan wurk. Wy hiene goede hoop want is it net sa*by de grutste partij bart neat samar. Doet dizze saak behannele waard die al tige gau bliken dat it kolleezje düdlik oars tocht oer it earlik ferpartsjen as de grutste fraksje. It die nammentlik bliken dat foarrang jaan oan húshâldens dêr't gjin ynkommen yn komt gjin sprake fan is, lykas gjin foarrang foar jonge wurkleazen of foar. minsken dy't al skoften gjin wurk mear hawwe.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 14