- 12 - Gjin foarrang, foar nimmen, allegearre like folie kâns, ek der wêr't al wurk is. En dan wurdt dat ôfdien mei frjemd liberaal gedoch. Wy witte net foar wa't de slogan "eerlijk delen van arbeid en inkomen" bedoeld is, mar yn elts gefal net foar de betinkers derfan. Lykas wol gauris bliken docht moatte oaren it dwaan, it útfiere, it neilitte en it betelje. Spitich, tige spitich. Hjirby dringe wy nochris oan op sifers fan it Projekt Minsken Sûnder Wurk. Wy binne ree minsken oer alle boegen te helpen, mar alearen wy der fierder mei geane, wolle wy perfoarst earst witte hoe't dit projekt der foar stiet en wat de minsken der oan hawwe. Yn elts gefal wolle wy hjir al dúdlik stelle dat wy bygelyks der tsjin binne dat oan minsken kompjûterles jûn wurdt dy't seis jild genôch hawwe in kursus te beteljen. Sa't it no bart is te gek om los te rinnen. Sport It liket ús in goede saak de akkommodaasjes by de sportfjilden oan sport- stiftings oer te dwaan. De belutsenheid fan de minsken fan dy stiftings is fakentiids direkter, wêrtroch in effektiver behear en ûnderhâld mooglik Wy binne lykwols net fan betinken dat troch dit soarte oerdrachten de ferienings yn 'e swierrichheden komme moatte. Wy bedoele hjirmei dat buten de selswurksumens fan de leden fan de stiftings in grut finansjeel offer freget wurdt fan de ferienings. Fierder binne wy fan betinken dat de tastân fan de sportfjilden yn Grou der min oan ta is en dat wy omsjen moatte nei oare mooglikheden. Miskien is der wol eat te meitsjen yn de buert fan de Twine. Alteast sadanich dat de akkommodaasje fan de Twine mei brûkt wurde kin. Fierder binne wy fan betinken dat de sportfjilden sa goed mooglik ûnderhâlden wurde moatte, der sit in bulte mienskipsjild yn. Wy hawwe der noed foar te stean. Wat de wettersport oanbelanget wolle wy nochris wize op it meitsjen fan in ienfâldich surf- en parkearplak oan de Mardyk by de Snitsermar en oan de Krüme Grou yn kombinaasje mei de brêge oer de Jirnsumer syl en de Reinerswei. De Fryske taal De Fryske taal dy't no likernôch 2000 jier bestiet, is yn en bûten ús gemeente, yn en buten ús provinsje nochal nei foaren kommen, sawol posityf as negatyf. It is krekt sa't jo sizze dat bûten de riedseal en yn dit gefal ek yn de riedseal der noch al risoars tocht wurdt. As hja dat sa sizze foarsitter en as jo sizze dat it net hâlden fan in referindum om't dat net passé soe yn 'e gemeentlike demokrasy, in kar is fan de ried dy't ús boargers net begripe, mei yn ferbân mei it wol wollen fan in oar referindum, dan bejouwe jo jo op in mêd dêr't jo gjin stap fierder komme, ek al om't oer dy gemeentlike demokrasy sa nea praat is. Altiten en oeral sille der minsken wêze dy't eat net begripe - of eat bewust net wolle en dat is hiel wat oars - en oaren dy't it wol begripe. Nei ús betinken liede dit soarte fan opmerkings en as jo wolle evaluaasjes ta neat. En al hielendal net as de ried in saak behannelet dêr't de derby belutsen kommisje fan sein hat: oergean ta de Fryske plaknammen. En ek net as de Ferienings fan Pleatslik Belang it foar in grut part ôfwitte litten hawwe. Der hie fansels best in referindum hâlden wurde kinnen. Mar soe dat wat opsmiten hawwe? It is mar krekt hoet de saak oan- en ynklaaid wurdt. De takomst sil leare oft dit beslút goed of net goed west hat. Miskien jouwe de minsken oer 2000 jier dy't it dan foar it sizzen hawwe, wol wer de nammen dy't no ferdwine sille. Wat no oan 'e oarder is, is dat wy no trochgean moatte mei it wurk dat op ús wachtet en wat yn de takomst ferhoalen leit. It stiet fêst dat oft wy no Fryske of Nederlânske plaknammen wolle, dat der yn elts gefal gjin ynfloed op hawwe mei.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 15