- 13 - De ferkiezings. Wy tinke foarsitter, dat jo net alhiel allinnich steane as jo der fan út geane dat de ferkiezings foar de ried gjin ierdferskowings yn de ried fan gefolgen hawwe sille. As jo it sa nei foaren bringe dan geane wy der fan út dat jo oannimme dat de grutste partij net lytser wurde sil, alteast gjin stim(men) ferlieze sil. Dochs soe it lykwols wol ris goed wêze kinne as der in lytse ierdferskowing plak fine soe. Ford, de man fan de auto's hat ris andere op in fraach yn hokker kleuren syn auto's spuite wurde 'measten: "Alle kleuren binne goed as it mar swart is". Yn dizze ried jildt eins itselde. Alle besluten binne goed, as se mar in read stimpel hawwe. Sa leit it hjir en op grûn fan de ferhâldings is dat ek goed, en salang't de minsken dat wolle bliuwt dat sa. Dochs soe it nei ús betinken wolris goed wêze as der ris feroaring yn kaam. Net dat wy gjin rjocht fan sprekken hawwe of dat wy fan dat rjocht gjin gebrûk meitsje kinne, nee, dat alhiel net, mar dochs komt wolris it gefoel boppe dat men mear mei de partij as mei de leden fan dwaan hat. It leit allegearre sa fêst. It komt sa oer as soe de Partij hieltiten gelyk hawwe. Jo begripe dat wy dochs op in ierdferskowing hoopje. In lytsen ien is al genôch. Hoe't it ek komme sil en wat der de 19e maart ek bart, Boarnsterhim bliuwt bestean en mei Boarnsterhim in ried dy't roppen is oeral en hiel titen de beste krêften te jaan en yn te setten foar dizze gemeente. Wat ús fraksje oanbelanget mei dêrop rekkene wurde.' De hear Damsma seit it folgjende: 'Foarôfgeande oan myn algemiene skôgings begrutting 1986 ien opmerking. Doe't ik koartlyn «it oanbiedingsbrief fan ús begrutting yn hannen krige en it omslach goed beseach, gong der in gefoel fan grutskens troch my hinne. Boppeoan stie ús nije 'logo' Boarnsterhim, dêrûnder alle doarps- nammen yn it Frysk, ek de wiere wurden sein troch myn fraksjemaat Jan van der Baan ntl"As de Fryske taal ferdwynt, ferdwynt ek it Fryske folk", spruts my tige oan. Mar doe't ik fierder blêde yn dit boekwurkje, wie myn grutskens gau bekuolle, it die bliken dat op de siden 19 en 20 nei der gjin grevel Frysk mear te finen wie. Oars sein dit omslach rikte net fierder as it saneamde Gevel-FryskDit hâlden en dragen tipearret dêrmei ús kolleezje fan B. en W. sjoen ek de eigenwize hâlding tsjinoer de ried, doe't it gie oer de Fryske nammejouwing fan ús doarpen. Lit my dizze skôging begjinne mei de slachsin: earst Boarnsterhim, dan Fryslân, dan Nederlân, dan Europa en de wrâld. Ik soe it fergelykje wolle mei immen dy't by in ljedder op rinne wol, hy docht der dan goed oan op de Onderste trime te begjinne. Men komt nea boppe as de Onderste trimen oerslein wurde. Dizze wierheid jildt ek foar it hiele libben. In lyts bern is êfhinklik. Dan groeit it op, wurdt grutter en kin mear. Ek op de maatskiplik ljedder. Dizze wierheid jildt ek foar alle folken. De folken komme op it foarste plak. De steaten (in samling fan folken) op it twadde plak. Konkreet sein, it Fryske folk op it foarste plak, de steat Nederlân op it twadde plak. Wier is dat de folken, en net de steat de dragers fan de kultueren binne, wêrfan de taal de wichtichste faktor is. Folken dy't har eigen identiteit bewust binne, neam ik naasje, en foar it wurd nasjonaal binne wy net bang. Krektlyk as foar it wurd Heitelân. Heitelân en Memmetaal hearre by in oar. Der binne lju dy't it wurd nasjonaal en nasjonalisme net hearre wolle. Heitelân kin ik net: sei immen ris in kear op 'e radio, want myn heit hat gjin lân, seis gjin blompot mei grûn. De wurden en begripen folk, Heitelân, Memmetaal, nasjonaliteit en identi teit kinne wy as demokratyske Frysk Nasjonale Partij hielendal ûnderskriuwe En no de praktyk yn de Nederlânske steat, Onder lieding fan de grutte

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 16