- 14 - lanlike partijen. As der earne op 'e wrâld in folk yn in steatsferbân har rjochten net krijt dan is it Nederlânske regear de earste om dit ûnrjocht te bestriden. Wurdt it selde Nederlânske regear troch it Euro- peekse Parlemint warskôge dat der yn har eigen lân in folk libbet mei in eigen taal en kultuer fan mear sa 2000 jier âld dan wurdt dat folk syn rjochten wegereWa hat de Fryske kultuer sintralisearre? Wa besiket op alle mêd Fryslân fan syn nasjonale wearde, de Fryske taal, te berôvjen? It is dúdlik, it emansipaasjetinken yn Den Haach oer de minske-rjochten fan it Fryske folk, sa't it útfierd wurdt troch de lanlike partijen is noch yn in begj instadium. De tolerânsje is beheind. Der moat noch gâns feroarje foar dat men ús gunt om op ús eigen Fryske wize te syk- heljen. No't de gemeenteriedsferkiezings op kommende wei binne, strune de lanlike politike pommeranten Fryslân wer of, meastentiids mei in kadootsje yn it kontbûske om harren harkers stil te hâlden en om oan te jaan dat se it beste mei ús foar hawwe. It moat my fan't hert dat de lanlike politike partijen dy't hjir oan mei dogge de demokrasy begjinne te fersmoargjen mei propagandamiddels, dy't de kiezers op 'e doele bringe. Dat proses is al slûpende wei oan'e gong en Qnderskate media (kranten, radio en televyzje) wurkje it yn 'e hân, yn pleats fan it te kyk setten. Oan it politike gûchelspul dogge hja fleurich mei, yn pleats fan kritysk beoardielje. Ek de ferkiezings foar de gemeenterieden fan no foarmje wer in hichtepunt yn de slûpende ôfbraak fan ús demokratysk kiessysteem. De kiezers wurdt wiismakke dat der ferkiezings wiswier binne foar har eigen gemeenteried. Mar, beste kiezers, wurdt der bysein, tink der wol om, dat wy de lanlike politike partijen, dêr ús eigen konklúzjes oan ferbine sille foar de lanlike polityk. De media drave hjir efteroan troch de útslach fan de riedsferkiezings dan om te setten yn 'Kamerzetels', en dan de konklúzje te lüken: "De kiezers hebben genoeg van de zittende regering". De gefolgen en de konklúzjes fan dizze iepenlike ferlakkerij is dizze: it wiene net keamerferkiezingsDe propaganda foar de ferkiezings wie misliedend. In grut part fan de kiezers, dy't it troch hawwe stimme net mear. Binne de lanlike politisy wier sa slij nei macht, dat se de eagen mar ticht dogge foar de gefolgen fan it ferkrachtsjen fan ús demokratysk kiezerssysteem? Yn de kommende riedsferkiezings fan Boarnsterhim giet it om de belangen fan ús gemeente, en it belied sa't it fierd wurde sil yn de kommende fjouwer jier troch: F.N.P., C.D.A., V.V.D. en P.v.d.A. fêstlein yn harren gemeenteprograms. Fansels, oan Den Haach mankearret gâns, mar hoe stiet it mei ússels? Wêrom rint it Frysk tebek? Om't der safolle Hollânsk praters binne? Nee, mear om't wy ússels minder fiele. Om ús eigenwearde wat op te krikken meitsje wy ússels en oaren wiis dat wy it út fatsoen dogge. It is net fan búg jen frjemd, mar bug jen wend! Jierren fan underhearigens binne net samar út te baarnen. Oerheid, minsken dy't foaroan steane moatte êfwenne harsels te ferbrekken. Wês fatsoenlik, praat Frysk. Binne der al minsken dy't hjir it sear op lizze en der wat fan sizze, en opkomme foar de rjochtmjittige easken fan it Fryske folk, dan wurde hja útmakke foar drammers en trochdraverswêrfan jo it hier rjochtoerein op de holle stean giet. Hoe wier binne dan de wurden sein troch de sosja- listyske foarman Fedde Schurer doe't er sei: 'Frjemd folk, wâdzje ús ikkers oer' Wat wit men yn Hollân of fan Fryslân, dochs oars neat as dat it in provinsje is fan de steat Nederlân. Wat wit men dêr fan in eigen Fryske kultuer wêrfan de Fryske taal de drager is? Ik kin it net oars sjen, it moat deaswijd wurde yn de media, parse yn de partijprograms fan de lanlike politike partijen, yn heger ûnderwiis en skiednis. De koloniale tinkwize fan "earm en dom hâlde, dan bliuw je baas" slacht yn Den Haach nog altyd foar bést op.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 17