- 15 - Yn it tredde nûmer fan it 'Geografisch Tijdschrift' fan 1985 foei myn each op in wier ferhaal fan prof. P. Lukkes út Grins, ûnder de titel fan: "Berichten uit uw wingewesten". Mei dat wingewest waard it Noarden bedoeld, goed foar opslach fan kearnôffal, foar munysjedepots en fabriken, militere fleanfjilden en oefenterreinen. Dêr stie tsjinoer dat yn 1985 út datselde Noarden sa'n 40 miljard gûne oan ierdgasjild yn de skatkiste rûgelje soe, ferwachte de professor. Mei fan gefolgen dat it Noarden hjir en dêr knap fersakket en te li jen hat fan fermogensferlies oer alle boegen, en dêr mei wolris wat kompensaasje foar jun wurde, fûn hy. Dy krije wy lykwols net, want wy hawwe net folie yn te bringen. De professor hat grut gelyk, wy hawwe net folie yn te bringen, om't wy regearre wurde troch politike partijen dy't allinne each hawwe foar de Rânestêd om't dêr foar harren de measte stimmen te heljen binne. It is ivich skande dat ús provinsje neffens E.E.G.-rapporten degradearre is ta de earmste provinsje fan Nederlân en heard by de earmste regio's yn 'e E.E.G. It Frysk hat sa't it liket ferline jier in hiele haal dien. De earste stap fan geunst nei rjocht is dien en dan set Den Haach ús de poat wer dwers. Gjin ferplichte Frysk yn it fuortset ûnderwiis. It selsstannich fuortbestean fan de Akademy wurdt bedrige, sa ek it Frysk Orkest, Fryske T.V. wurdt om gnyske en gean samar troch. Ek hjir yn gemeentehûs en -kantoar fait noch genêch te behimmeljen. Hark mar ris om jim hinne. Ien wurd Hollânsk en mennich Fries sakket troch de knibbels en skeakelt och sa fatsoenlik op it Hollânsk 'stasjon' oer. Dêrom krekt is it sa wichtich dat oan baalje en tillefoan de earste wurden Frysk binne In oare soarch is it Frysk seis. As wy net oppasse mei ús taalgebrûk ferwurdt it op 'en doer ta in dialekt. Goed Frysk ûnderwiis is dêrom in earste eask. De kwaliteit fan it ûnderwiis Frysk yn it basisûnderwiis skynt wakker ûngelyk te wêzen. Der koe wolris in ferbân wêze tusken hâlding tsjinoer it Frysk en de kwaliteit fan it ûnderwiis dêryn. Dit jier hawwe de bern hjir seis jier Frysk yn it underwiis hawwe kind. Soe it gjin goede saak wêze om ek hjir ris in ûndersyk te dwaan nei de kwaliteit fan it underwiis yn it Frysk? By dat underwiis heart ek de skiednis fan Fryslân, dy't ús altyd ûnt- hâlden is. Farsk yn ús ûnthâld leit noch de útrikking fan de dr. Joast Hiddes Halbertsmapriis 1985, oan dr. Stephane Lebecq, in Frânskman. Dit barren hat stylfol plak fün yn de St. Pitertsjerke yn Grou, net yn't minst troch de meiwurking fan it Grouster Mingd Koar. De priis waard him takend, foar syn stúdzje oer de Friezen yn it tiidrek fan de sânde oant de njoggende ieu, doe't de Friezen mei de Griken, Portugezen en Ingelsken ta de grutte seefardersnaasjes heard hawwe. It jury-rapport stiet oan op in oersetting yn it Frysk en it Nederlânsk. Wy wiene tige fereard doe't it Provinsjaal Bestjoer ús gemeente útnoege hat dit histoarysk barren te organisearjen en dat wie net samar wat. De relaasje Grou mei Joast Halbertsma, Boarnsterhim yn it hert fan Fryslân, Boarnsterhim mei syn Fryske plaknammen, hat grif de reden dêrta west. Wy soene de ried fan Boarnsterhim no freegje wolle by de provinsje en de oare Fryske gemeenten der op oan te stean, ta oersetting oer te gean, en dat B. en W. mei in útstel komme. No't wy goed twa jier as ried meiinoar oparbeide hawwe yn ús nije gemeente Boarnsterhim, wol ik graach in pear wurden hjiroer sizze. Yn it foarste plak wolle wy fêststelle dat de P.v.d.A. dy't yn ús ried in lytse mearder- heid hat, bepalend west hat foar it belied sa't it yn 'e ôfrûne twa jier fierd is. It is goed der ris by stil te stean dat it net allinne giet om it nimmen fan besluten by mearderheid fan stimmen. De minderheid heart dat beslút te respektearjen en de mearderheid, en dat wurdt wolris fergetten, moat safolle mooglik rekken hâlde mei de belangen fan de minderheid. Soks kin net krekt yn regels fêstlein wurde; it giet om in mentaliteit.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 18