- 16 - Sûnder in libjend demokratysk bewustwêzen dat der fanút giet dat alle minsken foar de wet gelyk binne en rjocht hawwe op gelikense behertiging fan harren belangen en prinsipes, is de formele demokrasy foar de dea opskreaun. Tsjin dizze eftergun is in boargemaster dy't op grûn fan syn funksje boppe de partijen heart te stean.mar him dúdlik profilearret op kosten fan in wichtige politike streaming, dy't ek yn dizze ried fertsjintwurdige is, de beste reklame foar in keazen boargemaster. Oer de begrutting kinne wy koart wêze. Wy stelle fêst dat it wer in opsomming fan feiten en saken is, allinne rjochte op de sanearring fan it "erfskip" grûnbedriuw. Neffens ús is der o sa'n ferlet fan goede, eigen struktuerplannen dy't in fûnemint lizze moatte foar in eigen gemeentlik belied nei de takomst ta. It soe dêrom in goede saak wêze om op koarte termyn dy plannen te ferwêzentlikjen. De nije gemeenteried draacht op dat stik fan saken in swiere ferantwurdlikheid. It jier 1985 hat benammen foar ús amtners wer in dreech jier west. It sil ek yn 1986 net tafalle. Dochs binne wy meiinoar op paad en wolle wy al dy amtners dy't harren mei ynmoed ynset hawwe foar ús gemeente, tank sizze foar harren wurk. As ynkoarten it Frysk yn it offisjele ferkear ynfierd wurdt, hoopje en betrouwe wy op deselde ynset fan dy amtners, dy't op dizze wize harren tsjinstberens oan de mienskip stal jaan kinne. As F.N.P.-fraksje winskje wy it kolleezje, en strak de nije ried, en alle boargers fan Boarsterhim in sûn en goed 1986 ta. Ik beslút' dizze skôgings mei in rymstikje dat stien hat yn de Mid Frieslander De stim fan Boarnsterhim. Aid en earm, mar noch tige sûn Libje de Friezen op har grûn Frijunferfeard, net beskamme Stride hja foar d'âlde nammen. Nei it útstel fan b. en w. tsjinakseljen fan P.T.T. Hat de ried polityk bedreaun Plakken wurde yn 't Frysk no skreaun. Keardels út ien stik sizze ja! Gjin geseur en gjin striderij Fryske nammen moatte wy ha Fryske nammen hearre der by. Tenei prate wy oer Jirnsum Aldeboarn, Grou, Nes en Akkrum TerherneWarten en Warstiens Wergea, Dearsum, Tersoal en Friens. Poppenwier, Roardhuzum en Raard, Sibrandabuorren en Idaard. En Eagum tige lyts as plak Kriget likegoed syn gerak. Rûnom by de lytse folken Folget men dizze earestriid En mei in geunstich risseltaat Is men dêr ek omrake bliid Dy echte en geve nammen Eigen oan de âlde stammen Friezenfolk, harkje nei de stim Dy't helder klinkt út Boarnsterhim!'

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 19