- 21 - Sprekker is mei de foarsitter fan betinken dat yn de earste ôfdieling en mei fertsjintwurdigers fan de Pleatslike Belangen goed bepraat wurdt hokker wurkwize der folge wurde moat om in goed oerlis tusken gemeente en doarpen te krijen oer de winsken en ferlangens en de moogelikheden dêrta. It rekreaasjebelied sa't it kolleezje dat de leste tiid fierd hat fynt hy tige goed. It is dan ek net ferkeard dat as men in goed produkt leveret, dat der in goede priis foar frege wurdt. Sadwaande hat syn fraksje ek gjin inkelde muoite mei de toeristebelesting. It is net ridlik dat de eigen ynwenners betelje moatte foar de foarsjennings dy't benammen foar de toeristen ornearre binne. As men it útsykje soe, dan soe bliken dwaan dat seis mei heffing fan toeristebelesting de ynwenners dochs noch in grut part oan de foarsjennings bybetelje. Wat de foarsitter oer dy minister fan definsje oanhelle, wie net alhiel goed. Dat wie de hear Vredeling en dy hie sein dat in partijried gjin strieljeiers keapet. Dy man hâlde him jerne dwaande mei flitsende saken. Yn it sosjaal-ekonomysk barren fan de leste fjouwer jier is dúdlik de striid te fernimmen tusken it oerein hâlden fan wurkgelegenheid en keap- krêft en de lesten dy't dochs earne op ôfskood wurde moatte. Wurde dêrby de earmen hyltyd earmer en riken hyltyd riker? Ek dat sil by de kommende ferkiezings in rol spylje. Run de ieuwiksel spile dit probleem ek en der is efternei wol sein dat de skoalstriid yn dy tiid oangien is om de minsken fan dat oare fûnemintele probleem of te hâlden. Der docht dy útspraak fan de foarsitter him no ek in bytsje oan tinken. De grûn- rjochten fan it ûnderwiis lizze fêst. Yn it kongres fan de P.v.d.A. dêr't dy útspraak dien is, stie de situaasje yn de súdlike provinsjes sintraal. Dêr is it sa dat de tsjerke noch in grutte ynfloed hat en dy ynfloed fergrutsje wol. Dêr is tsjinyn gien, mar yn de parse is dat opblaasd en dêrtroch by in protte minsken ferkeard oerkaam. Ek mei de P.v.d.A. oan it bewâld sil der besunige wurde moatte. Allinnich is dat dan net rjochte op de swakkeren, mar op oare groepearringsIt doel is ek om te soargjen dat op langer termyn manlju en froulju meiinoar alle wurk dogge. Der sil gjin krisispolityk fierd wurde, dy't minsken yn in minder goede posysje pleatst om dan nei in gelegenheidspolityk te gripen fan famylje sintraal. Manlju en froulju beide ferantwurdlik en dat is in fûneminteel ferskil fan ynsjoch. Wat it fuortset ûnderwiis oanbelanget fynt sprekker dat it kolleezje dochs besykje moat om it oerlis tusken Grou en Akkrum yndied goed op gong te krijen. De útspraak dat de druk fan de tsjettel is, docht der oan tinken dat dêr dan net mear sa hurd efteroan rûn wurde sil, mar it is dochs tige wichtich dat Midden- Fryslân wat dat oangiet ien foar- sjenningepakket oanbiede kin. Slagget it net om dy foarsjenning hjir te halden dan bliuwt der neat oer, om't de skoallen yn Hearrenfean, Snits, Drachten en Ljouwert sa klear steane om de learlingen oer te nimmen. It kolleezje moat dêrom it oerlis fan de grun bringe en der moat net frijbliuwend praat wurde, mar der moat oer fusearring praat wurde om te foarkommen dat wy dizze foars jenning kwyt reitsje. It kostet ek noch gjin jild, dus dêrom hoecht it net oer te gean. Sprekker kin gjin foarbylden neame fan gefallen dêr't in boarger net yn holpen wurden is troch in êfspraak buten de gebrûklike oeren. Hy woe dêrmei allinnich oanjaan dat de siktary wol dat belied fiere moat. Iepenstelling op keapjûnen of soksawat smyt neat op en kostet allinnich mar jild. It moat net oan de amtners oerlitten wurde oft dy al of net immen bûten de gebrûklike oere te wurd stean wolle, mar it kolleezje moat dat dúdlik as belied oanjaan. It liket sprekker ta dat yn it ferline yn alle rieden wol faak itselde ferhaal oer de stiigjende gaspriis halden is. De keppeling fan gaspriis oan húsbrân-oalje moat los litten wurde. Wenlêsten en fynplakfoardiel soene in rol spylje moatte by de gearstalling fan de priis. It stânpunt fan de VEGIN is op dit stuit dat de priis keppele wurde moat oan de

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 24