- 22 - stookoalje en dat soe in priisferlening fan 15 sint ynhâlde. Trochfiering fan de keppeling fan gaspriis oan húsbrân-oal je soe op dit stuit in ferleging fan 11 sint betsjutte. De fraksjes yn de Twadde Keamer wolle lykwols allegear net it folie bedrach werom jaan oan de gebrûkers fanwege it grutte gat dat dêrtroch Qntstean sil yn de begrutting. De leste priisferheging kin wol weromdraaid wurde en der moat by it regear op oantrune wurde. Dan hat de gebrûker einlik ek ris foardiel. Mevrouw Aukes zegt dat de onvredes die bij haar partij leven duidelijk belicht zijn en dat de standpunten over diverse zaken duidelijk kenbaar gemaakt zijn. Het lijkt haar niet nodig om nog uitgebreid in te gaan op wat door de voorzitter gezegd is. Niet praten maar doen, samen aan het werk voor de toekomst, zijn kreten die haar fractie erg aanspreken. De P.v.d.A. kon vorig jaar niet meegaan met de gasprijsmotie die toen door de V.V.D. was ingediend. De V.V.D. kan nu wel met de motie van de P.v.d.A. meegaan, maar het is toch niet meer dan het intrappen van een open deur omdat bij de regering al de nodige voorstellen liggen om per 1 juli de gasprijs te verlagen. De hear Stallinga seit dat hy syn skôgings begûn is mei: 'Ek yn de nije foar ús lizzende perioade en dat wol sizze dat net allinnich syn fraksje, mar de hiele ried der mei dwaande is om dizze gemeente foar de ynwenners leefber te hâlden. Dat moat yn de nije perioade fuortset wurde Hy fynt it spitich oangeande it underwiis, dat it kongres fan de P.v.d.A. sa taspitst wie op in bepaalde groepearring en streek fan it lân. It liket him ta dat sa'n grutte lanlike partij, dy't de demokrasy ek kent, der dan foar soargje moat dat der troch de parse net sa generalisearjend oer skreaun wurdt. It is gjin ferwyt oan de pleatslike partij, mar it is wol sa dat as dit in tendins is, dat it dan de ferkearde kant op giet. Wat de ferparting fan it wurk oanbelanget wit eltsenien dat der op dit stuit net genôch wurk is foar manlju en froulju. As der dan sein wurdt dat der in earlike ferparting komme moat fan it wurk dat der te krap is, dan fynt sprekker dat der ek echt ferparte wurde moat. Dat dat wurd ferparting op in oare wize útlein wurde kin, sadat der dochs noch ferskil fan ynsjoch bestiet, fynt hy spitich, mar der is neat oan te dwaan. It wetterskiën op de Krûme Grou is in tydlike saak. As yn ferbân mei de rânewei de situaasje dêr oanpakt wurde sil, soe miskien de situaasje ûntstean dat dy wetterskiërs der wei geane en dan soe de suggestje foar de surfers noch wol oppakt wurde kinne. Fansels is ek syn fraksje net tsjin in priisferleging fan it gas. Lykwols soe hy wol witte wolle wat de konsekwinsjes dan binne foar de eigen begrutting. Kin it kolleezje fierder noch wat sizze fan it surfen by de Mardyk en de oanlis fan in parkearplak dêr? Wat hy fierder yn syn skoging sein hat wie net bedoeld om immen, kolleezje of kollega-riedsleden of te kreakjen. It wie bedoeld om de saak as ried, as mienskip, fierder te bringen. Dêr sit de ried foar. It wichticnste lykwols is dat ek syn fraksje it béste foar dizze gemeente wol. De hear Damsma soe noch graach op syn fraach oft de earste wurden oan baalje en tillefoan fan it gemeentekantoar yn it Frysk moatte, in andert hawwe. Fierder wie der in fraach oft der ek in ûndersyk komme kin nei de kwaliteit fan it underwiis yn it Frysk oan de legere skoallen. Wat de oersetting fan it wurk fan Lebecq oanbelanget, hawwe de Steaten al in F.N.P.-moasje oannommen, mar dêr is sûnt dy tiid neat wer fan heard. It liket him goed dat de gemeente der by de Steaten op oantrunet om dit wier te meitsjen.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 25