- 25 - hawwe moat yn gefal fan grutte Ongemakken. De gemeente kin gjin claim mear lizze by it ryk en dêrom moat der jild reservearre wurde. Dat leit no wol in grut beslach op de begrutting, mar dat kin yn de kommende jierren wol minder wurde, as dy Ongemakken net barre. Mevrouw Aukes begrijpt niet precies waar het voor is: onderhoud of calami teiten. De voorzitter antwoordt dat het gaat om calamiteiten in de zin van groot onderhoud dat zonder uitstel gedaan moet worden. 8. Werkgroep Aanpak en Afweging. Mefrou A. Zijlstra seit dat har fraksje wat kjel wurden is fan it andert fan it kolleezje. It liket har ta dat de foarsjennings net oerdroegen wurde kinne yn de steat dêr't hja no yn binne. De klaai-akkommodaasjes dêr't it om giet moatte yn sadanige steat oerdroegen wurde dat de minsken dy't se oernimme net fuort foar hege ûnderhâldskosten komme te stean. Dy foarsjennings foarsjogge yn in ferlet en as de akkommodaasjes goed ûnderhâlden binne kin der tsjin ridlike fergoedings gebrûk fan makke wurde Har fraksje stelt dan ek út om de 10.000,= dy't offierd is, wer op te fieren om dêrmei wat te dwaan oan it ûnderhâld fan de akkommodaas jes en dêrnei yn oerlis mei de sportferienings en de sportried te sykjen om in goede wize fan oerdragen fan de akkommodaasjes Mevrouw Aukes kan zich voorstellen dat dit voorstel van het college wat te rigoreus is. Zij kan daarom in het voorstel van de P.v.d.A. wel meegaan als dat als overgangsmaatregel bedoeld is. Wethâlder mefrou Bloem seit dat it kolleezje yn earste ynstânsje net tocht hat oan it oanhâlden fan de akkommodaas jesLykwols is dit jier al úteinset en sil der by ferskate gebouwen wat oan ûnderhâld dien wurde moatte, dêr't de ferienings gjin rekken mei hélden hawwe. Fierder is der oer de takomst neat te sizzen om't de sport—ried noch mei de ferienings yn oerlis is en it kolleezje wol dêr net op foarút rinne. It kolleezje is wol ree om dy 10.000,= op de begrutting te halden sadat der wat oan it ûnderhâld dien wurde kin. De voorzitter voegt daar aan toe dat dat dan alleen voor dit jaar geldt. De hear Damsma freget oft dy 10.000,= wol genôch is. Wethâlder mefrou Bloem seit dat dat altyd op 'e begrutting stien hat. It moat foar dit jier yn elts gefal genôch wêze. De voorzitter zegt dat er oorspronkelijk 5.500,= op de begroting stond. Voor het onderhoud moet een bedrag gerekend worden tussen de 5.000,= en 10.000,=. Mefrou A. Zijlstra seit dat it ek it doel fan har fraksje wie dat it allinnich foar dit jier wer opfierd wurde soe, om't yn dit jier dan goed besjoen wurde kin op hokker wize de akkommodaasjes it béste oerdroegen wurde kinne. Mevrouw Aukes kan in het voorstel van de P.vd.A. meegaan omdat het als een soort overgangsmaatregel fungeert.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 28