- 28 - De heer De Wolf is blij dat het ingediende project voor het terugploeg- programma '86/'87 in aanmerking komt, zoals inmiddels bekend geworden is. Hij hoopt ook dat de inwoners als groep tot het besluit komen om wel tot aansluiting op het gasnet over te gaan. Dit is een eenmalige aanbieding die ook werk oplevert. Het is natuurlijk zo dat als dit niet doorgaat dat geld ergens anders besteed zou kunnen worden. Er is jaren aan gewerkt om voor de bewoners van de onrendabele gebieden de aansluiting op het gasnet mogelijk te maken. Spreker is daarom zeer blij met het voorstel dat in de komende vergadering aan de orde zal komen. 14. Bedriuwen. De hear Van der Baan seit dat yn de leste gearkomste sein is dat der gjin rinte mear byskreaun wurde soe by de grûn. Mar út it útstel sa't dat hjir foarleit wurdt der wol wer rinte byskreaun. Dat is neffens him in ferlies dat op boekhâldkundige wize weiwurke wurdt. Yn feite wurdt no op de âlde foet fierder gien. Wol sil der besjoen wurde hoelang't it noch ferantwurde is foar alle kompleksen om rinte by te skriuwen. Hy freget him of wat der barre sil as it net mear ferantwurde is om rinte by te skriuwen. De konsekwinsje sil wêze dat strak foar it tekoart dochs dekking socht wurde moat út de algemiene middels. Der moat neffens him goed neigien wurde wat der krekt dien wurdt. It is in útstellen fan it ferlies. Wethâlder Breeuwsma tinkt dat it andert op de fraach wat mear details jaan moatten hie. Foar grûnen dy't oankocht binne wurdt in rin- tiid fan eksploitaasje fêststeld. Der moat earst in eksploitaasjeberek- kening makke wurde. Salang't dy berekkening der net is wurdt de rinte noch byskreaun op de grûn. As de rintiid fan de eksploitaasje foarby is wurdt besjoen oft der noch rinte byskreaun wurde kin. Kin dat net dan wurdt it in saak foar de algemiene tsjinst en moat der op'e nij besjoen wurde wat der mei de grûn dien wurde moat. Sprekker is lykwols ree om yn in ôfdielingsgearkomste nochris stik foar stik de grûnen nei te rinnen. Dat soe no te wiidweidich wurde. 15. Sporthal/Zwembad de Twine. Mefrou A. Zijlstra seit dat doe't der in pear moannen ferlyn besletten wie om yntern nochris nei de eksploitaasje fan de Twine te sjen, der fanút gien is dat dat op koarte termyn barre soe. It hat no in pear moannen duorre en hja is fan betinken dat it dochs meikoarten oanpakt wurde moat. Dêrfoar kin in ynterne wurkgroep ad hoe formearre wurde. Dy soe bestean kinne út bgl.: 1 lid fan it kolleezje, 1 lid fan de behears- kommisje, 1 lid van de ried, 1 meiwurker fan OWPZ en 1 meiwurker fan gemeentewurken Volgens mevrouw Aukes zou er eerst in de afdeling een gesprek op gang komen over de ideëen omtrent beleid en beheer. Het lijkt haar dat dat eerst bekend moet zijn voor er een onderzoek ingesteld kan worden. Dat was ook de intentie van de in de raadsvergadering gemaakte afspraak. Wethâlder mefrou Bloem seit dat der noch gjin yntern undersyk west hat. Sa'n ûndersyk is ek op koarte termyn net te ferwachtsjenmar der kin wol sa't mefrou Aukes freget, yn de ôfdieling praat wurde oer it belied en it behear. Der moat oan it fersyk fan de ried wol foldien wurde. De beste wize om it te dwaan is faaks it petear yn de ôfdieling en it undersyk te kombinearjen. It is goed om yn de ôfdieling te praten oer de útgongspunten en de gear- stalling fan de ûndersykskommisje

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 31