- 37 - De hear Bethlehem is fan betinken dat as foar de lytse doarpen it jild út in oare post helle wurdt, dat net fuort ynhâldt dat dy op in twadde plak komme. Wethâlder Breeuwsma seit dat de lytse doarpen gjin jild út de algemiene middels krije. It is wol sa dat dêr wêr't it measte ferlet is# dêr wurdt it jild oan útjûn. De plannen wurde útfierd sa't dy makke binne. Der wurdt net ôfwykt fan it beslút dat dêroer nommen is. Mevrouw Aukes denkt dat de heer Van der Baan gelijk heeft op het punt dat een gedeelte van het fonds in de algemene middelen gestort is om de begroting sluitend te maken. Wethâlder Breeuwsma seit dat it ôfskriuwen fan in tekoart hiel wat oars is as de besteging. De voorzitter zegt dat mevrouw Aukes doelt op de bijdrage die in 1985 van de algemene dienst aan het fonds dorpsvernieuwing gegeven is. Die bijdrage is verminderd om de begroting sluitend te maken. Dat is een ander uitgangspunt dan de heer Van der Baan aangeeft. 49. Rekonstruksje It Grien te Grou. De hear Van der Baan seit dat it der om giet oft men ree is om wat oan dat Grien te dwaan. In mooglikheid om dat te beteljen is om de útfiering fan de Stasjonswei in pear jier op te skowen en earst mei it Grien te begj innen. De voorzitter zegt dat de V.V.D. het voorstel doet om de uitvoering van de Stationsweg te laten vervallen, waarbij zij een andere bestemming aan het geld geven dan de heer Van der Baan nu doet. In de aprilvergade- ring van de raad komt de bijdrage van de provincie die 70.000,= lager uitvalt, aan de orde. Daar kan dit punt ook aan gekoppeld worden. 52. Rânewei Jirnsum. De hear Damsma seit dat hy yn syn fraachstelling ek in útstel ferwurke hat. It liket him ta dat no't de plannen foar de riolearring sawat klear binne der ek begûn wurde moat mei de oanlis fan de rânewei. Sa'n jier ferlyn hawwe trije of fjouwer ynstânsjes goedkarring jun oan de plannen mar it wachtsjen wie op it finansjele plaatsje. Dat is no neffens sprekker ek run, wylst it kolleezje dat net fynt. Hy wol dêrom it útstel dat dêr dien is foarlizze en as it kin ta útfiering oergean. It fernuveret sprekker dat troch de sanearring fan it grûnbedriuw de algemiene reserve en dêrmei de oerskotten fan de eardere gemeente Raarderhim fuort binne De rekken oer 1982 moat noch troch D.S. fêststeld wurde en fan 1983 binne de sifers noch net iens bekend. Hoe kin dêr dan no al in bestimming oan jûn wurde? De hear Van der Baan seit, om it dúdliker te meitsjen, dat syn fraksje graach witte wol wat der mei dy reserves bard is en hokker riedsbeslút dêroer nommen is. De hear Terra freget it kolleezje om meikoarten mei in dúdlik útstel te kommen oer it al of net oanlizzen fan dizze rânewei. Der is no sa njonkelytsen al acht jier oer praat. It wurdt tiid dat men wit wêr't men oan ta is

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 40