- 42 - Fierder is sprekker fan betinken dat it op peil hâlden fan it skoalswimmen yn sa'n wetterrike gemeente as dizze de sinten wol wurdich is. Wat de lykfoarmige regeling foar it hiele grûngebiet oanbelanget liket it sprekker ta dat sa't de mearderheid fan it kolleezje it hawwe wol, dat ek gjin lykfoarmige regeling is. Der is in grut ferskil tusken de Grouster situaasje en bgl. Tersoal, Aldeboarn of Sybrandabuorren Dêrmei is ek net sein dat it systeem sa't syn fraksje dat foarstiet in lykfoarmigens ynhâldt. It wichtichste punt is dat alle bern op de legere skoalle de kâns krije om it oerlibjend swimmen te learen. Dat is yn in gemeente as dizze wol fan belang. De hear Van der Baan seit dat syn fraksje it prinsipieel net terjochte fynt dat de âlden foar it skoalswimmen fan de bern betelje moatte. Benammen yn in delgeande tiid as dizze is it net terjochte om fan de leechst betellen te freegjen om dit te beteljen. Om't prinsipieel sjoen ûnderwiis om 'e nocht wêze moat, soe sprekker der in útstel ta dwaan kinne. Hy is fan betinken dat dat it dochs net hel je sil en dêrom stipet hy it útstel dat de hear Bouma dien hat. De voorzitter zegt naar de heer Bouma toe dat als het uitgangspunt het overlevend zwemmen isdat dan ook het voorgestelde systeem voor andere dorpen moet kunnen gelden. In Grouw is een voorziening, maar in Akkrum en Oldeboorn b.v. zijn geen voorzieningen. De hear Bouma ûnderbrekt de foarsitter om't hy tinkt dat der no in mis- begryp is. Yn Grou, Akkrum en Aldeboarn wurdt 6 jier lang 12 wiken swommen. It útgongspunt is dat alle bern sa'n 80 lessen oanbean krije. It beheljen fan in diploma mei dêryn net as útgongspunt sjoen wurde. Wethâlder Breeuwsma is fan betinken dat meardere útgongspunten mooglik binne. Der moat ek sjoen wurde nei de foars jennings dy't der binne Yn de gemeente binne twa swimbaden dêr't in protte mienskipsjild yn stutsen wurdt. Binnen de gemeente binne der foar de bern dus mooglikheden om it swimmen te learen en it liket sprekker ta dat der dan net fuort oan de fraach fan oare lesmooglikheden tajûn wurde moat. As men dat docht kostet dat dochs ekstra jild. 76. Wandelgelegenheid Himpensermar De hear De Wolf fynt it spitich dat der sûnt ferline jier noch net folie feroare is. Der is twa kear mei de ruilferkavelingskommisje praat en in kear in brief skreaun. It liket him ta dat dit planologysk regele wurde moat om it foarinoar te krijen. Wat mear aktiviteiten op dat mêd soe wol goed wêze De voorzitter zegt dat het planologisch in het bestemmingsplan Buiten gebied geregeld zou moeten worden, maar dat zal toch nog wel een poos op zich alten wachten. Er is meer te verwachten van de ruilverkaveling. (De heer De Wolf: Dat kan ook, maar wij wijzigen toch wel vaker een bestemmingsplan in detail? Dat gebeurt wel meer. Waarom zou dat alleen voor een bouwsel moeten gebeuren?). Daar is spreker het wel mee eens, maar hij vraagt zich af of het belang rijk genoeg is om hiervoor een klein bestemmingsplannetje te maken. Die vraag zal aan de raad worden voorgelegd. Maar eerst zal geprobeerd worden of er via de ruilverkaveling mogelijkheden zijn om dit pad aan te leggen. Dit punt komt dan terug in een afdelingsvergadering. 77. Emancipatiewerk. Mefrou S. Zijlstra seit dat it kolleezje seis al oanjout dat der oan de emansipaasjekommisje in minimale amtlike stipe jun wurdt. Op dit

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 45