5.Utstel nei oanlieding fan it fersyk fan it bestjoer fan de feriening foar "Christelijk Nationaal Schoolonderwijs" te Akkrum om meiwurking neffens kêst 74 fan de W.B.U. GEMEENTE BOARNSTERHIM Oan de gemeenteried. Grou, 18 april 1986. Fan it bestjoer fan de feriening foar "Christelijk Nationaal School onderwijs" te Akkrum is it fersyk om finansjele meiwurking neffens kêst 72 fan de Leger-ünderwiiswet 1920 en kêst 74 fan de Wet op it Basisûnderwiis (W.B.U.) ynkommen foar enerzjy-útsparjende maat regels Neffens de brief fan it bestjoer fan 4 febrewaris 1986 dy't by de stikken op besjen leit, binne de enerzjy-útsparjende maatregels al foar 1984 oanbrocht. De kosten binne foar it grutste part -op in subsudzje fan 770,— nei- troch it bestjoer op it kleed brocht. It skoalbestjoer hat doetiids alsris by de gemeente ynformearre at der miskien ek noch oare bydragen mooglik wiene. Dy wiene der neffens de gemeente net, sa skriuwt it skoalbestjoer. Amtners fan de eardere gemeente Utingeradiel hawwe der lykwols gjin weet fan dat yn it stik fan saken oangeande enerzjy-útspar- jende maatregels it kostefraachstik ea op it aljemint west hat. Al mei al is it tige dizich hoe't it ien en oar him êfspile hat. Yn elts gefal is der troch it skoalbestjoer gjin fersyk om mei wurking yntsjinne op grûn fan kêst 72 fan de Leger-underwiiswet 1920. Op grûn fan dat kêst koe nammentlik meiwurking ferliend wurde (K.B. 18 augustus 1981, nûmer 32). It skoalbestjoer is dêrfan letter op de hichte steld troch har administraasjekantoarDêrfandinne besiket it skoalbestjoer om op grûn fan kêst 74 fan de Wet op it BasisQnderwiis de finansjele meiwurking fan de gemeente te krijen foar it oanbringen fan de enerzjy-útsparjende maatregels. Neffens ús ofdieling bousaken is efteröf net mear nei te gean oft de makke kosten ridlik binne yn relaasje ta de âlde sitewaasje dêr't it skoalgebou yn ferkearde. Dat wol sizze yn hoefier it giet om (efterstallich) ûnderhâld of om it oanbringen fan enerzjy-út- sparjende maatregels. Wy binne dan ek fan betinken, dat it fersyk om (finansjele) meiwurking dêrom formeel ôfhannele wurde moat. Kest 72 fan de Leger-underwiis wet 1920, giet der fan út, dat de oanfraach om meiwurking yntsjinne wurdt, foardat de foarsjenning dêr't meiwurking foar frege wurdt útfierd is. In útsûndering wurdt allinnich makke wannear't it giet om bysûndere gefallen. Bygelyks wannear't troch bran of stoarm in foarsjenning oabrocht wurde moat, kin de gemeente efterof de meiwurking ferliene. It mei dan lykwols net gean om ûnderhâlds- foarsjennings. Dêr is hiel wat jurisprudinsje oer. In tal juris- prudinsje-gefallen lizze foar jimme by de stikken op besjen.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 56