- 2 - It leit neffens ús yn'e reden, dat it hjir net om in bysûnder gefal giet, dêr't meiwurking efterôf foar ferliend wurde kin. Der is gewoan net om tocht of men fun it net nedich om meiwurking neffens kêst 72 fan de Leger-ûnderwiiswet 1920 te freegjen. Wy stelle jimme ried dan ek út om op it fersyk fan it bestjoer fan de feriening foar "Christelijk Nationaal Schoolonderwijs" yn Akkrum om meiwurking te ferlienen neffens kêst 72 fan de Leger- ûnderwiiswet of kêst 74 fan de W.B.U., net untfanklik te ferklearjen, dan wol de frege meiwurking net te ferlienen. Boargemaster en wethâlders fan Boarnsterhim, de siktaris, de boargemaster P.H. Starreveld. B.G. Holtrop.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 57