GEMEENTE BOARNSTERHIM 6. Utstel om in kredyt beskikber te stellen foar enerzjy-útsparjende maatregels oan de feriering foar "Christelijk Nationaal Schoolonder wijs" yn Akkrum. Oan de gemeenteried. Grou, 18 april 1986. Yn ús utstel datearre op 18 april 1986 hawwe wy jim ried útsteld om op grûn fan wetlike regels it fersyk fan it bestjoer fan de feriening foar "Christelijk Nationaal Schoolonderwijs" yn Akkrum om meiwurking neffens kêst 72 fan de Leger-ûnderwiiswet 1920 en kêst 74 van de Wet op it Basisûnderwiis net-ûntfanklik te ferklearjen dan wol de frege meiwurking net te ferlienen. No hat it ministearje fan ûnderwiis en wittenskippen tastimming ferliend it skoalgebou foar it basisûnderwiis geskikt te meitsjen. Sjoch dêrfoar de beskikkings fan 2 oktober 1985 én 11 novimber 198 5 dy't by de stikken op bes jen lizze. It giet om útwreiding en ferbouwing fan it tsjintwurdige gebou. Yn dat ramt besjoen is it wichtich, dat it enerzjyferbruk safolle mooglik beheind wurdt. De ryksfergoeding is der nammentlik ek op basearre dat oan de hjoeddeiske easken dy't oan skoalgebouwen steld wurde, benammen wat it enerzjyferbruk oanbelanget, foldien wurdt. Wy hawwe dêrom besocht om in oplossing te finen no't wy meiwurking op grûn fan de W.B.U. ôfwize, sadat de kosten foar enerzjy-útspar- jende maatregels net folslein foar rekken fan de skoalferiening komme It is nammentlik sa, dat der noch in fûns "enerzjy-útspar jende maatregels Utingeradiel" is. Dat fûns jout foldwaande romte om in kredyt beskikber te stellen oan it skoalbestjoer fan 16.000, Dat bedrach moat dan sjoen wurde as in bydrage yn de kosten fan enerzjy-útsparjende maatregels, dy't troch it skoalbestjoer makke binne en dêr't de kosten folslein foar rekken fan de feriening komme. Wy binne fan betinken dat de gemeente as behertiger fan de algemiene ûnderwiisbelangen yn de gemeente yn dit bysûndere gefal in han- trekken nei de feriening foar "Christelijk Nationaal Schoolonder wijs" meitsje kin. Gearfetsjend stelle wy jimme ried dan ek út om oan de feriening foar "Christelijk Nationaal Schoolonderwijs" yn Akkrum in bydrage yn de kosten foar it oanbringen fan enerzjy-útsparjende maatregels ta te skikken en dêrta in kredyt fan 16.000,beskikber te stellen Qnder foarbehâld dat foar dy útjefte goedkarring krigen wurdt fan Deputearre Steaten fan Fryslân. Boargemaster en wethâlders fan Boarnsterhim de siktaris, de boargemaster, P.H. Starreveld. B.G. Holtrop.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 58